Sâltbommel
Zaltbommel
St. Mertentsjerke oan it Tsjerkeplein
St. Mertentsjerke oan it Tsjerkeplein
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Sâltbommel
Sifers
Ynwennertal13.070 (2021)[1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten51° 49' NB, 5° 15' EL
Kaart
Sâltbommel (Gelderlân)
Sâltbommel

Sâltbommel (Nederlânsk en offisjeel: Zaltbommel; dialekt: Bommel) (Lûdsfragmint útspraak) is in festingstêd yn de gemeente Sâltbommel yn de Bommelerwaard yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. Oant 1 jannewaris 1999 foarme Sâltbommel in eigen gemeente, dêr’t it de ienige kearn fan wie. Op dy datum waarden Sâltbommel, Kerkwijk en Brakel gearfoege ta de nije gemeente Sâltbommel, mei it gemeentehûs yn Sâltbommel.

De stêd hat 12.489 ynwenners (1 jannewaris 2019). Sâltbommel leit krekt besuden de rivier de Waal. Der is in ferkearsbrêge, de Martinus Nijhoffbrêge (rykswei A2) mei fytspaad) en in spoarbrêge, de Dr. W. Hupkesbrêge. Sâltbommel hat in treinstasjon oan it spoar Utert-´s-Hertogenbosch.

Namme

Oarspronklik hiet de stêd Bommel, en sa wurdt de stêd noch ynwenners noch neamd. De âldste foarm fan de namme is ‘Bomela’ of ‘Bomelo’[2] (in 850) en is in gearfoeging fan ‘Boom’ (yn de tsjintwurdige betsjutting fan ‘beam’)) en lo, wêrby ‘t ‘lo’ ferwiist nei in leafbosk op in ferheging yn in sompich gebiet. Yn dit gebiet bestiet dy ferheging út in ouwerwâl lâns de rivier de Waal. Nammen mei de útgong 'lo' hingje faak gear mei ûntginnings fan ouwerwâlen, wêrtroch’t iepen plakken ûntstiene yn de bosk dêr’t in delsetting ûntstean koe. Yn in lettere faze (earste fermelding yn 1297) krige de delsetting it foarheaksel 'Salt' of 'Saut' om it ûnderskiede te kinnen fan it oare Bommel (Maasbommel). Dizze taheakking slacht op de hannel yn sâlt dy’t hjir wichtich wie. Sâlt waard mei skip ferfierd en grif yn Sâltbommel ferhannele en wie benammen wichtich foar it ynsâltsjen fan fisk. [3]

Skiednis

Sâltbommel is mear as tûzen jier âld. De earste fermelding fan de stêd as Bomala komt út it jier 850. Yn de 13 e iuw groeide Sâltbommel út ta in wichtige hannelsstêd en yn de 15e iuw ta in Hânzestêd fan betsjutting. 13 desimber 1315 krige it fan greve Reinoud I fan Gelre deselde stedsrjochten as Sutfen en waarden de festingwurken oanlein, dy’t der hjoed-de-dei noch binne. Yn de 13e iuw hiene Sâltbommel en de lannen fan de Bommeler- en Tielerwaard al lânrjochten krigen. Dit lânrjocht is it âldste oelevere lânrjocht en wurdt oantsjutten mei eening. De orizjinele oarkonde is net bewarre bleaun. In jier neidat Sâltbommel stedsrjochten krige, waard op 19 oktober 1316 troch Reinald I in nije oarjunde útfurdige. Dêryn waard de âlde regeling befêstige.[4] Der waard in ûnderskied makke tusken de bewenners fan de stêd Sâltbommel en de bewenners fan it plattelân. Stedsbewenners waarden berjochte troch de skepenbank fan Zaltbommel, plattelânsbewenners wiene by swiere misdriuwen lykas moard en brânstifting oerlevere oan de genede fan de greve.[5]

Yn 1325 en 1327 waard it lânrjocht fan de Bommelerwaard troch de greve fernijd wêrtroch’t it ûnderskied tusken de stêd Zaltbommel en het plattelân noch skerper waard.[6]

Op 31 july 1572 waard Sâltbommel ynnomd troch de wettergeuzen ûnder lieding fan Dirck fan Haeften. Dêrop belegeren de Spanjerts de stêd yn de dêrop folgjende jierren sûnder sukses, wêrûnder de blokkade fan 1574. Tegearre mei Buren sleat it har yn juny 1575 oan by de Uny fan Dordrecht tusken Hollân en Seelân, wêrmei’t beide stêden har yn feite ôfskieden fan Gelre; dit waard pas yn 1602 ûngedien makke.[7]

Op oanstean fan Maurits fan Nassau waard de stêd fierder fersterke. Eardat soks klear wie, belegeren de Spanjerts ûnder lieding fan Francesco de Mendoza de stêd wer, by it belis yn 1599. Dit belis koe wer súksesfol ôfslein wurde troch de Steatske troepen.

Strjitten, leanen, grêften, pleinen en parken

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. Sjoch "Oorkondenboek van het Sticht Utrecht tot 1301", regest nûmer 67 op s.73. Digitaal yn te sjen fia: http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/osu
  3. Dumont, S., en Kleijnen, M., Van wege den Koning. Gemeentewapens en plaatsnamen in de Bommelerwaard (Sâltbommel 1992)
  4. Nijhoff, I.A., Gedenkwaardigheden uit de geschiedenis van Gelderland, door onuitgegeven oorkonden opgehelderd en bevestigd. Diel I, nûmer 167 (De Haach 1830-1875)
  5. Noordzij, Aart, Gelre. Dynastie, land en identiteit in de late middeleeuwen. Werken Gelre 59 (Hilfertsom 2009)
  6. Kuijs, J.A.E., De ambtman in het Kwartier van Nijmegen (ca. 1250-1543) (Nymwegen 1987)
  7. Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993-2002) s.v. "Zaltbommel". Microsoft Corporation/Het Spectrum.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.