Rynfrankysk
Rheinfränkisch
algemien
lânseigen ynDútslân, Frankryk
skriftit Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Heechdútsk - Middeldútsk - Westmiddeldútsk - Rynfrankysk
dialektenHessysk, Paltsysk, Loataringsk, Pennsylvania Dútsk
taalstatus
offisjele statusgjint
taalkoades
ISO 639-1n.f.t.
ISO 639-2n.f.t.
Fersprieding fan de Rynfrankyske dialekten. mei de Hessyske (1), Paltsyske (2) en de Loataringske (3), dy't ek wol ta de Paltsyske dialekten rekkene wurde, dialekten

It Rynfrankysk (Dútsk: Rheinfränkisch) is in sammelnamme foar in kloft Heechdútske dialekten dy't yn it westen fan Dútslân en it uterste noardeasten fan Frankryk sprutsen wurde. De dialektekloft foarmet mei it Middelfrankysk de Westmiddeldútske talekloft.

Ferdieling

Begrinzging

De dialekten wurde fan it Mûzelfrankysk skaat troch in isoglosse, de saneamde Sankt Goarer liny, ek wol bekend as de das/dat-liny. Dy isoglosse rint oer Simmern (Hunsrück) en giet by Sankt Goar de Ryn oer nei Limburch oan de Lahn en Dillenburch. Yn it noarden fan it taalgebiet wurde de dialekten oant de Benrather liny sprutsen, noardlik fan Kassel en grinzgje dêre oan it Nederdútsk. De Rynfrankyske dialekten wurde fierder skaat troch de Spierske liny fan it Eastfrankysk, it Súdfrankysk en Alemannysk. Dy isoglosse rint fan Wissembourg, Wörth am Rhein, Spiers, Sinsheim, Eberbach, Mudau en Wertheim.

Begripsferklearring Rynfrankysk en Rynfranken

It Rynfrankysk moat net betiisd wurde mei it Ripuarysk, dat yn parten fan it Rynlân sprutsen wurdt, benammen yn it wiid omfiemjend gebiet om Keulen, Bonn, Aken en parten fan it Berchske Lân. It Ripuarysk, dy't mei it Mûzelfrankysk it Middelfrankysk foarmet, wurdt by fersin gauris as Rynfrankysk oantsjut. Histoarysk waarden alle Franken dy't by de Ryn del wennen, oantsjut as Rynfranken (ek wol Ripuaryske Franken neamd). Dochs dat kin net langer tapast wurde op de sprekkers fan de hjoeddeistige Rynfrankyske dialekten. De measten fan harren diele gjin miene Rynfrankyske identiteit, mar sjogge harsels earder as Hessers, Paltsers, Rynhessers of leden fan oare regionale taalgroepen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur en Anmerkungen op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.