It earste Rykswegeplan waard 1927 makke, it wie it earste plan sûnt Napoleon (begjin 19e iuw) om de besteande ferbinings yn kaart te bringen en at it nedich wie nije Rykswegen oan te lizzen. It doel wie om sawol besteande diken te ferbetterjen as nije ferbinings te meitsjen. De kosten fan it projekt waarden rûsd op 300 miljoen gûne (wearde fan 1927) en de útfiering soe yn 30 jier realisearre wurde kinne.

It plan is foaral ferneamd fan taljochtsjende kaart. Op dy kaart wie in haadwegestelsel foar trochgeand, motorisearre ferkear wjerjûn. Allegear ferbinings tusken de stêden, mar net dy stêden bylâns. Dêrnjonken wiene in tal folslein nije trasees foarsjoen, nammentlik:

Oare Rykswegensplannen

Nei 1927 binne der noch oare rykswegeplannen fêststeld yn 1932, 1938, 1948, 1958, 1968 en foar it lêst yn 1984.

Brêgen

Yn it Rykswegeplan fan 1927 binne tolve brêgen oer de grutte rivieren fêstlein.

It binne:

plak rivier (by)namme brêge jier oplevering status distiid
NymwegenWaalWaalbrêge1936Wurdt brûkt.
MoerdykHollânsk DjipMoerdykbrêge1936Yn 1978 nije brêgedielen op de âlde pylders set; âlde parten brûkt foar it ferfangen fan de Brêge by Keizersveer en de Spijkenisserbrêge.
HedelMaasHedelse brêge1937Brûkt foar regionaal ferkear.
DoardtAlde MaasStedsbrêge Zwijndrecht19391977 funksje oernaam troch de Drechttunnel; brêge wurdt noch brûkt foar regionaal ferkear.
Hendrik-Ido-AmbachtNoardBrêge oer de Noard19391992 funksje oernaam troch de Noardtunnel; brêge wurdt noch brûkt foar lokaal ferkear (N915).
DimterIselWilhelminabrêge1943Wurdt brûkt.
SwolIselIselbrêge1930Wurdt brûkt.
KeizersveerBergsche MaasBrêge by Keizersveer1931Sloopt 1978; ferfongen troch seis fan de tsien brêgeparten fan de âlde Moerdykbrêge.
MaastrichtMaasWilhelminabrêge1932Ferfongen troch nijbou op de âlde pylders yn 1960.
ZaltbommelWaal"Bommelske Brêge"1933Sletten yn 1996 nei iepening Martinus Nijhoffbrêge; sloopt yn 2007.
ArnhimNederrynJohn Frostbrêge (sûnt 1978)1935Wurdt brûkt.
VianenLekLekbrêge1936Sletten 1999 nei iepening fan de njonkenlizzende Jan Blankenbrêge; plannen foar sloop.

Fan de tolve brêgen binne der fjouwer wetlik beskerme ryksmonumint, nammentlik de brêgen yn Arnhim, Nymwegen, Hendrik-Ido-Ambacht en Swol.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.