De Rykstsjinst foar de Wurkferromming (Rijksdienst voor de Werkverruiming) wie fan 1939 oant en mei 1945 in oerheidsynstitút dat him dwaande hold mei it skeppen fan wurkgelegenheid.

Helte fan wurkkamp Diever fan de RfdW mei sintraal appèlplak

Skiednis

Neidat yn 1929 tûzenen minsken wurkleas waarden fanwege de Grutte Depresje rjochte it regear him yn it earstoan op de gefolgen fan de wurkleazens. Yn de wurkferskaffing waarden wurkleazen, steungerjochtigden, yn grutte projekten oan it wurk set. Lykwols waarden der net sa'n protte wurkleazen oan wurk holpen yn de neikommende jierren. Op 3 febrewaris 1939 komt dêr feroaring yn. Professor Romme, minister fan Sosjale Saken, smiet doe it roer om. Syn Rykstsjinst foar de Wurkferromming kaam mei in soad plannen om wurk te ferskaffen. Om dy plannen stal te jaan waarden neist de projekten kampen boud. Yn de folksmûle hjitte dit oerheidsprojekt ek ‘wurkferskaffing’. In protte fan dy plannen rûnen op de non fanwege it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich. De belangen fan de Dútske besetter leine by it ynsetten fan Nederlânske manlju yn de oarlochsyndustry.

List fan kampen

  • Kamp Arriën
  • Kamp Balderhaar
  • Kamp Beugelen
  • Kamp De Beetse
  • Kamp De Conrad
  • Kamp Hooghalen
  • Kamp Hooghalen (Heidelager)
  • Rykswurkkamp Molengoot
  • Rykswurkkamp Twilhaar
  • Kamp Vledder


Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.