Binnenplak Ryksakademy

De Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten is in hegere keunstoplieding yn Amsterdam. Se biedt in ynternasjonaal keunstnersplatfoarm, en hat sûnt 1982 in postdoktorale status; earder wie dat in akademyske, te fergelykjen mei it universitêr nivo.

Skiednis

It ynstitút is oprjochte yn 1870 troch kening Willem III en wie de opfolger fan de Keninklike Akademy (19e iuw), de Stads Teekenacademie (18e iuw) en de Konstkamer (17e iuw). Yn it ferline wienen keunstners as Jan Toorop, Hendrik Petrus Berlage, George Hendrik Breitner, Willem Wiegmans, Piet Mondriaan, Constant Nieuwenhuis, Karel Appel, Corneille, Ger Lataster, Willem Hofhuizen, Jaap Min en oaren oan de Ryksakademy ferbûn.

Yn de foarige iuw waard Rijksacademie mei in 'c' skreaun en húsmanne it yn in fraai gebou op de Stadhouderskade. Nei 1985 hjitte it ynstitút yn de ûndertitel Instituut voor Praktijkstudie. Sûnt ein 1999 is de Ryksakademy ferselsstannige; de Stichting Ryksakademy wurdt finansierd troch de seksje Kultuer fan it Ministearje fan OCenW, en troch oare oerheden, bedriuwen en fûnsen.

De Ryksakademy is sûnt 1992 húsfeste yn de eardere Kavalerykazerne oan de Sarphatistrjitte. It gebou waard spesjaal opknapt en oanpast. Der binne grafyske wurkpleatsen, skilder- en byldhouateliers foar aspirant keunstners. Dizzen wurde troch keunstners fan namme begelaat. Fierders hat de akademy in keunstbibleteek en in grut keunstners-dokumintaasjesintrum dy't op ôfspraak tagonklik binne.

Elts jier wurde iepen dagen holden en kin it nijste wurk fan de studinten besjoen wurde.

Keunstners en dosinten

Hjirûnder in listje mei inkelde keunstners dy't as 'resident artists' oan de akademy ferbûn wienen en dosinten:

Sjoch ek

De Groep fan de figurative abstraksje

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.