It Ryddjip (Nederlânsk: Reitdiep) is in wetter dat fan Grins, by de Noarderhaven, nei de Lauwersmar ta rint.
Fan Wierumerskou ôf is it Ryddjip de kanalisearre ûnderrin fan de Hunze. It part fan Grins oant Wierumerskou is sûnt 1385 de dolle ûnderrin fan de Drintske Aa. It part wurdt ek wol it Swannerak neamd, mar dizze namme is yn ûnbrûk rekke. Yn it ferline binne, as gefolch fan fersâning, parten rjochtlutsen. Guon fan dizze parten habbe har eigen namme. It Swellerak (1622) leit benoarden Oldehove, it Langerak (1629) leit by Garnwert.
Oant de oanlis fan it Iemskanaal yn 1876 wie it Ryddjip de ienige ferbining fan Grins mei de see. De Noarderhaven fan Grins wie dan ek in tijhaven. Troch it lizzen fan in dyk fan Sâltkamp nei de Nittershoeke, mei dêryn in syl en in skutslûs ferdwûn de iepen ferbining. Yn 1877 wie de ôfsluting folslein. Mei dit alles ferdwûn ek de ynfloed fan it tij út de stêd.
Oan de ein fan it Reitdjip leit Sâltkamp dat, oant de ôfsluting fan de Lauwerssee yn 1969, in fiskershaven wie. It Reitdjip ferfolget har wei yn it Lauwersmargebiet as de Sâltkamperril, de Slinke en it farwetter nei De Skâns.
It Ryddjip is de wichtichste ôfwettering fan it noarden en it westen fan Grinslân en de kop fan Drinte. Yn it djip leit it boezemgemaal De Wetterwolf, by it buorskip Lammerbuorren, dat ek wol Electra neamd wurdt.
It Ryddjipgebiet
It gebiet wêryn it Ryddjip streamt is ien fan de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa. De bot meanderjende rivier fan de Hunze, no it Ryddjip, ferbûn Grins mei de see. Yn it hjoeddeiske lânskip binne op in protte plakken de âlde rivierbêden noch goed te sjen, bygelyks by it Ald Djip. De earste ferkavelings binne noch goed te sjen en kwealik feroare troch de jierren. De measte linen binne sa'n 1000 jier âld. It Ryddjip en de omkriten, benammen it gebiet tusken it Van Starkenborghkanaal en it Winsumerdjip, is in ekolokysk nijsgjirrich gebiet, wêrfan grutte parten ynrjochte binne as natoergebiet. Dizze gebieten wurde ûnderhâlden troch de stifting It Grinslanner Lânskip.
Plakken oan it Ryddjip
Oan it Ryddjip lizze fan Grins ôf: