Rush Hour 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurBrett Ratner
produsintRoger Birnbaum
Jonathan Glickman
Arthur M. Sarkissian
Jay Stern
senarioJeff Nathanson
kamerarezjyMatthew F. Leonetti
muzykLalo Schifrin
filmstudioRoger Birnbaum Productions
Salon Films
distribúsjeNew Line Cinema
spilers
haadrollenJackie Chan
Chris Tucker
byrollenRoselyn Sánchez
Zhang Ziyi
John Lone
Alan King
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre26 july 2001
foarmlangspylfilm
sjenreaksjekomeedzje, plysjefilm
taalIngelsk en Kantoneesk
spyltiid90 minuten
budget en resultaten
budget$90 miljoen
opbringst$347,4 miljoen
filmsearje
filmsearjeRush Hour
 foarich dielRush Hour
 folgjend dielRush Hour 3

Rush Hour 2 is in Amerikaanske aksjekomeedzje en plysjefilm út 2001 ûnder rezjy fan Brett Ratner, mei yn 'e haadrollen Jackie Chan en Chris Tucker. De film heart ta de Rush Hour-franchise en is as sadanich in ferfolch op it súksesfolle Rush Hour út 1998. It ferhaal folget de Hongkongske plysje-ynspekteur Lee en resjersjeur Carter út Los Angeles as se nei in bomoanslach op it Amerikaanske konsulaat yn Hongkong op it spoar komme fan in binde falskemunters. Rush Hour 2 krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In trêde diel yn 'e rige, Rush Hour 3, kaam út yn 2007.

Plot

James Carter, in swarte resjersjeur fan it Los Angeles Police Department, is op fakânsje yn Hongkong, dêr't er rûnlaat wurdt troch syn freon, ynspekteur Lee Yan Naing fan it Hongkongske Plysjekorps. De fakânsje wurdt rou ûnderbrutsen troch in bomoanslach op it Amerikaanske konsulaat yn Hongkong, dy't útfierd wurdt troch in tsjeppe Sineeske frou. By de ûntploffing komme twa undercover-aginten fan 'e Amerikaanske Dûane om it libben.

Lee wurdt troch syn sjef, haadynspekteur Chin, op 'e saak set en begjint in ûndersyk. Dat wurdt lykwols dreger makke trochdat er Carter oeral mei hinne sleept. It docht bliken dat Ricky Tan, in heechpleatste krimineel yn 'e Sineeske Triaden, derfan fertocht wurdt efter de oanslach te sitten. Dyselde is in eardere plysjeman en wie yn it ferline de partner fan Lee syn heit, dy't ek by de plysje wie. Mei assistinsje fan Carter, dy't him fan 'e wâl yn 'e sleat helpt, besiket Lee om Tan te ûnderfreegjen yn in massaazjesalon. Dat einiget yn in fiasko as de beide plysjes slaande deilis reitsje mei in grutte groep fan Tan syn liifwachten.

Underwilens binne it Hongkongske Plysjekorps en de Amerikaanske Secret Service ferwikkele yn in wrakseling oer wa fan beiden de lieding krije sil oer it ûndersyk nei de bomoanslach. Spesjaal agint Sterling fan 'e Secret Service lûkt oan it langste ein. Koarte tiid letter folget in nije bomoanslach, jitris útfierd troch deselde kreaze jonge frou, op it plysjeburo dêr't Lee wurket. Carter wurdt neitiid fermist en dea waand, mei't er Lee net ferteld hie dat er op eigen manneboet de stêd yn gie – en dus op it tiidstip fan 'e bomoanslach net op it plysjeburo oanwêzich wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst er, troch de taalkleau behindere, op 'e siik is nei de masaazjesalon dêr't er ûnder it gefjocht mei Tan syn liifwachten syn paspoart ferlern is, sjocht Carter tafallich Tan wer, dy't er folget nei in djoer jacht yn 'e haven dêr't in feest geande is. Carter giet bretaalwei oan board en moetet dêr in tsjeppe Latina dy't harsels foarstelt as Isabella Molina. Syn besykjen om har te fersieren rint op 'e non as bliken docht dat se op it feest is as de freondinne fan 'e Amerikaanske miljardêr Steven Reign, dy't heal Los Angeles yn eigendom hat.

Underwilens hat haadynspekteur Chin fan in ynformant te hearren krigen dat Ricky Tan dy jûns in feest hâlde sil op syn jacht, dat Lee wurdt stjoerd om it feest te ynfiltrearjen. Oan board fan it jacht moetsje Lee en Carter inoar wer. Se wurde opmurken en by Ricky Tan brocht, dy't op dat stuit krekt in fikse beskrobbing jout oan syn assistinte Hu Li (de krease frou dy't de bomoanslaggen begien hat). Neitiid freget Tan Lee om help, mei't er nei eigen sizzen deryn luze wurdt troch syn fijannen. Hy wol beskerming fan 'e plysje hawwe, mar foar't Lee dêrop antwurdzje kin, komt Hu Li werom en sjit Tan yn it boarst, wêrnei't er oerboard kneppelet. Hu Li wit te ûntsnappen. Spesjaal agint Sterling, dy't Ricky Tan as lokies brûke woe foar de opdrachtjouwers ta de oanslaggen, hâldt it duo Lee en Carter ferantwurdlik foar it ferpesten fan syn plan. Haadynspekteur Chin wurdt ûnder druk set om Lee fan 'e saak te heljen, wylst Sterling sels Carter op it earstfolgjende fleantúch nei hûs set.

Op 'e lofthaven bepraat Carter lykwols Lee om mei him nei Los Angeles te gean. Hy hat nammentlik Steven Reign werkend op it feest op it jacht, dy't him fertocht hold en droech, dat hy hat it sterke fermoeden dat de miljardêr wat mei de saak te krijen hat. Om't se har ûndersyk yn Hongkong net mear fuortsette kinne, stelt Carter foar om yn Los Angeles fierder te gean. Wannear't de beide plysjes de Reign Towers observearje, it haadkertier fan Reign syn sakekonglomeraat, wurde se dêr Isabella Molina gewaar, dy't in pakketsje oannimt fan Hu Li. Carter en Lee binne derfan oertsjûge dat it om in trêde bom giet, dat se ynfiltearje de wolkekliuwer, falle de keamer fan Isabella binnen en besykje yn panyk in feilich plak te finen om 'e bom ôfgean te litten.

Isabella lit harren lykwols sjen dat it pakje neat oars befettet as jild. Eins giet it om falsk jild, makke mei in pear ûntfrjemde drukplaten fan 'e Amerikaanske Nasjonale Munt, sadat it frijwol net fan echte dollars te ûnderskieden is. Dan komt oan it ljocht dat Isabella in aginte fan 'e Secret Service is dy't undercover gien is yn 'e organisaasje fan Reign om 'e falskemunterijbinde op te rôljen dy't ferantwurdlik is foar de hommelse ynstream fan falsk jild dat yn 'e Feriene Steaten yn omrin komt. Reign wurdt der nammentlik fan fertocht dat er it falske jild yn syn kasino yn Las Vegas ferspriedt en op dy manear wytwasket.

Troch har froulike skientme te brûken, wit Isabella Carter en Lee safier te krijen dat se foar har op 'e siik geane nei de drukplaten. Sy mient dat se de beide mannen dêrmei op in dwaalspoar set hat, mar fia Kenny, in ynformant fan Carter dy't in yllegaal gokhol runt yn 'e efterkeamer fan syn Sineesk restaurant, komme de beide plysjemannen echt op it spoar fan 'e drukplaten. By de efterfolging fan in fertochte rinne se lykwols yn in mûklaach fan Hu Li en wurde se bewusteleas slein en finzen nommen. Hu Li wol harren fermoardzje, mar Isabella, dy't by har is, wit dat foar te kommen.

Letter komme de beide mannen by besleur efteryn in frachtwein fol neibearde soldaten fan it Terrakottaleger, dy't hol blike te wêzen en fol sitte mei ferfalske jild. Bylden, jild en de beide plysjes wurde ôflevere by it kasino fan Reign yn Las Vegas, dêr't Carter en Lee prompt ûntsnappe. Se ynfiltrearje it kasino, dêr't Lee Isabella wer moetet. Hja flústeret him yn wêr't se fermoedet dat de drukplaten bewarre wurde, en mei help Carter, dy't foar in ôflieding soarget dy't de oandacht fan alle befeiligingsminsken yn it kasino lûkt, wit Lee yn 'e personielsromten troch te kringen. Hy wurdt lykwols opmurken fia de befeiligingskamera's, wêrnei't er nei in spektakulêr gefjocht finzen nommen wurdt.

De sadistyske Hu Li stoppet him in eksplosyf yn 'e mûle en omwuollet de ûnderste helte fan syn gesicht dan mei tape, sadat er it net útspuie kin. Sels behâldt se de ôfstânsbetsjinning dêr't se syn holle mei ûntploffe litte kin. Sa wurdt Lee by Isabella en Ricky Tan brocht, dy't noch altyd libbet. It docht bliken dat syn eardere dea troch de hân fan Hu Li yn sêne set wie om Lee en de oare plysjes op in dwaalspoar te bringen. Nei't Tan ôfset is om't er op 'e befeiligingskamera's sjocht hoe Steven Reign nei de klûs besiket te glûpen wêryn't de drukplaten bewarre wurde, docht Hu Li war om Lee te deadzjen troch it eksplosyf yn syn mûle ûntploffe te litten. Isabella ferbrekt har dekmantel om him te rêden, mar wurdt yn it skouder sketten. Lee slacht Hu Li de ôfstânbetsjinning út 'e hân, en tsjin 'e tiid dat sy dy weromfûn hat, hat hy ûnderwilens mei help fan Carter it eksplosyf út syn mûle witten te krijen.

De ûntploffing, as Hu Li op 'e knop drukt, liedt ta grutte panyk ûnder it publyk yn it kasino, dat ûntromme wurdt. Neitiid nimt Carter it tsjin Hu Li op, dy't him besiket te trochstekken mei in swurd dat se út 'e hannen fan ien fan 'e stânbylden fan terrakottasoldaten pakt hat. Dat slagget lykwols net om't Carter yn 'e frachtwein ferskate steapeltsjes ferfalske dollars efteroerdrukt hie (sabeare as "bewiismateriaal"), dy't er bewarret yn 'e binnenbûse foar syn hert. Neitiid stelt er by ûngelok Hu Li bûten gefjocht mei in spear. Underwilens efterfolget Lee Tan nei it penthouse fan it kasino, dêr't Tan yn 'e tuskentiid Reign deastutsen hat om't dyselde mei de drukplaten útnaaie woe. Lee oermasteret Tan, wêrnei't dyselde him ûnfoarsichtich besiket te meitsjen troch him te fertellen dat hy dejinge wie dy't Lee syn heit deasketten hat. It slagget him dêrtroch om oan 'e breinroere Lee te ûntkommen, wêrnei't er besiket it pistoal fan Reign te pakken. Lee skopt Tan lykwols út it finster, sadat er te pletter falt.

Neitiid komt de swierferwûne Hu Li it penthouse yn mei in bom. Lee en Carter, dy't him ûnderwilens by Lee jûn hat, binne dêrtroch twongen om út it kasino gebou te ûntkommen troch in elektrisiteitskeabel foar feestferljochting as provisoaryske zipline te brûken, wylst efter harren de bom ôfgiet en Hu Li dêrby omkomt.

Letter wurdt Lee op 'e lofthaven troch Isabella mei in tút betanke foar syn ynset, wêrnei't se it fleantúch nei New York nimt. Lee sil sels werom nei Hongkong, mar Carter, dy't by syn ôfliedingstaktyk yn it kasino in protte jild wûn hat, bepraat him om ris op fakânsje te gean, bygelyks yn New York, dat in hiel moaie stêd is. Dat, de beide freonen sette tegearre ôf dêrhinne.

Rolferdieling

Chris Tucker.
haadrollen
personaazje                       akteur/aktrise
ynspekteur Lee Yan Naing Jackie Chan
resjersjeur James Carter Chris Tucker


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Secret Service-aginte Isabella Molina Roselyn Sánchez
Hu Li Zhang Ziyi
Ricky Tan John Lone
Steven Reign Alan King
Secret Service-agint Sterling Harris Yulin
haadynspekteur Chin Kenneth Tsang
Kenny Don Cheadle
Tex Joel McKinnon Miller
kleanferkeaper Jeremy Piven (cameo)
rûlettebetsjinner Saul Rubinek
kasinofliersjef Gianni Russo

Produksje en distribúsje

Produksje

Rush Hour 2 waard regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jeff Nathanson. As produsinten wiene Roger Birnbaum, Jonathan Glickman, Arthur M. Sarkissian en Jay Stern by it projekt belutsen foar de filmstudio's Roger Birnbaum Productions en Salon Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew F. Leonetti, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske filmkomponist Lalo Schifrin. De opnamen foar Rush Hour 2 fûnen foar it meastepart op lokaasje plak yn Hongkong, Los Angeles, oare dielen fan Kalifornje, en Las Vegas.

Kontroverse oer falskemunterij

Yn in iroanyske ommekear fan 'e foarfallen soarge Rush Hour 2, in film oer de bestriding fan falskemunterij, sels foar falskemunterij. Yn opdracht fan 'e ôfdieling artdirection wiene foar de film nammentlik likernôch 1 biljoen Amerikaanske dollars yn nepjild makke om as rekwisyt te tsjinjen. It nepjild seach der lykwols sa echt út dat guon 'e figuranten dy't oan 'e produksje meiwurken, der eksimplaren fan efteroerdrukten en neitiid besochten om dy út te jaan. Dat late derta dat de Secret Service yngriep en alle nepjild yn beslach naam om it te ferneatigjen.

Distribúsje

De distribúsje fan Rush Hour 2 waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 26 july 2001 yn premiêre oan board fan United Airlines-flecht 1 fan Los Angeles nei Hongkong, in flecht dy't de bynamme "The Rush Hour Express" krige. Rush Hour 2 iepene dêrnei op 3 augustus 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 31 july 2001 by platemaatskippij Def Jam Recordings.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Rush Hour 2 mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film mar 11/2 fan 4 stjerren ta en neamde yn syn beoardieling Chris Tucker "in anker oan 'e ankels fan 'e humor". Oan 'e oare kant neamde Robert Koehler de film yn it tydskrift Variety in "ferfolchfilm dy't better is as it orizjineel" en "in wier prototype fan 'e linige, transnasjonale Hollywood-aksjekomeedzje."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rush Hour 2 in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 128 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt dat de film "net like fris of grappich oanfielt as de earste, en de stunts ûntbrekt it oan 'e yngewikkeldheid dy't ornaris yn film fan Jackie Chan sjoen wurde kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rush Hour 2 in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 28 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Rush Hour 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $226,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $121,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $347,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $257,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen

Rush Hour 2 wûn in MTV Movie Award foar bêste gefjocht, in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjefilm (Chris Tucker) en trije Kids' Choice Awards, foar favorite film, favorite filmakteur (Chris Tucker) en favorite manlike regaadmakke (Jackie Chan).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.