Rush Hour
betinkerJim Kouf en Ross LaManna
eignerNew Line Cinema
Warner Bros.
lân Feriene Steaten
begjinjier1998
einjier2016
films
langspylfilmsRush Hour
Rush Hour 2
Rush Hour 3
tillefyzje
searjesRush Hour
muzyk
soundtracksRush Hour
Rush Hour 2
Rush Hour 3

Rush Hour is in Amerikaanske mediafranchise dy't betocht is troch senarioskriuwers Jim Kouf en Ross LaManna. It begûn mei de aksjekomeedzje Rush Hour út 1998. Sûnt binne dêr twa ferfolchfilms op ferskynd, mei dêrnjonken soundtrackalbums en in tillefyzjesearje. De franchise giet oer in pear plysjeresjersjeurs, de swarte Amerikaan James Carter en Lee Yan Naing út Hongkong, en harren aventoeren op jacht nei ynfloedrike kriminelen yn beide lannen.

Films

Rush Hour

De Wikipedy hat ek in side Rush Hour (film út 1998).

Yn Rush Hour wurdt de Han Soo-Yung (Julia Hsu), de dochter fan in Sineeske diplomaat, yn Los Angeles ûntfierd troch de krimineel Sang (Ken Leung), de rjochterhân fan 'e gangster "Juntao". Har heit, Han Solon (Tzi Ma), freget de Hongkongske plysjeman Lee Yan Naing (Jackie Chan) om help, mei wa't er earder gedoente hân hat en yn wa't er sadwaande fertrouwen hat. De FBI wol lykwols gjin bûtenlanners yn it ûndersyk nei de ûntfiering behelje út eangst foar ynternasjonale ynsidinten. Sadwaande wurdt Lee oerdroegen oan it Los Angeles Police Department om him dwaande te hâlden. Dêr wurdt er keppele oan resjersjeur James Carter (Chris Tucker), by wize fan straf foar dy syn ferrinnewearjen fan in eardere undercoveroperaasje. Carter is dêr sa nidich oer dat er beslút om, mei Lee op sleeptou, de ûntfieringssaak op te lossen.

Rush Hour waard regissearre troch Brett Radner nei in senario fan Jim Kouf en Ross LaManna, dat basearre wie op in idee fan LaManna. De film gie op 18 septimber 1998 yn premiêre, en brocht $244,4 miljoen op tsjin in budget fan $33 miljoen.

Rush Hour 2

De Wikipedy hat ek in side Rush Hour 2.

Yn Rush Hour 2 is de Amerikaanske resjersjeur James Carter (Chris Tucker) yn Hongkong op fakânsje om syn freon Lee Yan Naing (Jackie Chan) op te sykjen. De fakânsje falt yn it wetter troch in bomoanslach op it Amerikaanske konsulaat, wêrby't twa Amerikaanske dûaniers omkomme. It Hongkongske Plysjekorps wiist de saak ta oan Lee, dy't Carter yn it ûndersyk behellet. Lee ûntdekt dat Ricky Tan (John Lone), de eardere plysjepartner fan syn heit, by de oanslach belutsen is. Hy en Carter geane efter Tan oan, dy't no in lieder fan 'e Sineeske Triaden is.

Rush Hour 2 waard wer regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jeff Nathanson. De film gie op 3 augustus 2001 yn premiêre, en brocht $347,3 miljoen op tsjin in budget fan $90 miljoen.

Rush Hour 3

De Wikipedy hat ek in side Rush Hour 3.

Yn Rush Hour 3 is Han Solon (Tzi Ma) ûnderwilens opklommen ta ambassadeur fan 'e Folksrepublyk Sina yn 'e Feriene Steaten. By in taspraak yn Los Angeles oer it gefaar dat de Triaden ynhâlde, wurdt er delsketten troch slûpmoardner, mar hy oerlibbet de oanslach. Lee Yan Naing (Jackie Chan), dy't by dy gelegenheid as liifwacht fan 'e ambassadeur fungearret, wit de slûpmoardner te pakken, mar as er sjocht dat it syn eigen pleechbroer Kenji (Hiroyuki Sanada) is, wifelet er eefkes, wat Kenji de kâns jout en ûntkom. Tegearre mei syn freon James Carter (Chris Tucker) folget Lee neitiid it spoar fan 'e slûpmoardner nei Parys.

Rush Hour 3 waard ek wer regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jeff Nathanson. De film gie op 30 july 2007 yn premiêre, en brocht $258,1 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen.

Tillefyzje

Rush Hour (tillefyzjesearje)

De Wikipedy hat ek in side Rush Hour (Amerikaanske tillefyzjesearje).

Rush Hour is in aksjesearje en plysjesearje op basis fan 'e earste Rush Hour-film, dy't ien seizoen rûn, fan maart oant en mei augustus 2016. De searje folget de fierdere aventoeren fan 'e Amerikaanske resjersjeur James Carter (Justin Hires) en de Hongkongske plysje-ynspekteur Jonathan Lee (Jon Foo), dy't twongen wurde ta it oangean fan in ûnwierskynlike partnerskip. De ferhalen stypje swier op 'e ynteraksje tusken Lee, dy't in regelfolger is, en Carter, dy't regels ornaris oan syn lears lapet. Der waarden yn totaal 13 ôfleverings fan makke, elts mei de spyldoer fan in oere. Rush Hour waard oarspronklik útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk CBS.

Muzyk

Yn it ramt fan 'e Rush Hour-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

  • 1998 – Rush Hour
  • 2001 – Rush Hour 2
  • 2007 – Rush Hour 3
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.