Rudolf Wilhelm Canne (Wûns, 10 desimber 1870 - Amsterdam, 3 novimber 1931) wie in ûnderwizer, haad fan in skoalle yn Amsterdam en toanielskriuwer.

Canne soarge foar psychologyske djipggong yn syn toanielstikken. Syn blijspullen en kluchten binne fan minder belang. Canne skreau ek ferhalen (Rûchkâlt, 1926) en biografyen fan Auke Boonemmer en Jan Cornelis Pieter Salverda. Fierders wie er redakteur fan It Heitelân.

Wurk

  • Libbensstriid (1905)
  • Fen't hirde libben (1906)
  • Yn dúnjende djipte (1908)
  • It njuggende gebod (1912)
  • Dêr wier ris... (1916, syn bêste wurk)
  • Hwa't sûnder sûnde is... (1919)
  • Rjochten en plichten (1924)
  • De forlerne soan (1925)
  • Peaske (1929, mei Y. C Schuitemaker)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. e.o. (red) Encyclopedie van Friesland, 1958. Canne, Rudolf, Wilhelm

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.