Rudolf of Rodulf, wie in Deenske Wytsing, dy't yn de 9e iuw (864-873) oer it Siuwske eilân Walcheren hearske hat.

Skiednis

Rudolf wie de soan fan Harald dy't nei alle gedachten syn heit opfolge hat as greve fan Walcheren, en in sibbe fan sawol Harald Klak as Godfrid Haraldsson, mar hy wie "it swarte skiep fan de famylje". [1] Hy waard doopt, mar ûnder hokker omstannichheden is ûnbekend. [1]

Yn de skreaune boarnen is oer him optekene dat er ferskate plondertochten dien hat yn it Frankyske ryk. Tegearre mei syn omke Rorik hie hy yn 873 in moeting mei de Frankyske keizer Lotarius II. Dêrby stelde hy sokke hege easken dat dy troch de keizer net ynwillige wurde koenen. Ut rankune sloech er yn de kuststreken oan it plonderjen. Hy sneuvele yn Eastergoa, fermoedlik yn Dokkum tsjin de Friezen.[2].

In resinte hypoteze stelt dat Rodulf ien en deselde persoan is as de wytsingelieder Ubbe yn Ingelân[3]

Literatuer

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, side 102.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 Simon Coupland (1998), From Poachers to Gamekeepers: Scandinavian Warlords and Carolingian Kings, Early Medieval Europe, 7 (1), 101–103.
  2. Herre Halbertsma hat útienset dat it gefjocht om de tsjerke fan Dokkum hinne west hawwe soe., (Halbertsma 2000), s. 267-268
  3. Stephen Lewis, 'Rodulf and Ubba. In Search of a Frisian-Danish Viking', yn: Saga-Book 40 (2016), s. 5-42.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.