Roy Orbison | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Roy Orbison (1965) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roy Kelton Orbison | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 april 1936 | |
berteplak | Vernon | |
stoarn | 6 desimber 1988 | |
stjerplak | Hendersonville | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock 'n Roll, Pop, Country, Rockabilly | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar, Mûlharp | |
grutste hit(s) | Oh, Pretty Woman | |
jierren aktyf | 1953–1988 |
Roy Kelton Orbison (Vernon (Teksas), 23 april 1936 – Hendersonville (Tennessee), 6 desimber 1988) wie in Amerikaanske singer-songwriter, ferneamd fan syn ûnderskiedende, krêftige stim, komplekse komposysjes en mankelyk-emosjonele ballades.
Libben
Orbison waard grut yn Teksas en song yn in rockabilly/country & western band op de middelbere skoalle oant er in kontrakt krige by Sun Records yn Memphis. Syn grutste súkses hie er by Monument Records yn earste helte fan de jierren 60 doe't er mei 22 fan syn lieten yn de Billboard Top Fjirtich stie, dêr sieten it bekende "Only the Lonely", "Crying", "In Dreams" en "Oh, Pretty Woman" by. Orbison syn karriêre heakke wat yn de jierren 70, mar ferskate covers fan syn nûmers en it brûken fan ien yn in film fan David Lynch soargen foar it oplibjen fan syn karriêre yn de jierren 80. Yn 1988 gie er by de supergroep Traveling Wilburys mei George Harrison, Bob Dylan, Tom Petty en Jeff Lynne en brocht in nij soloalbum út. Orbison stoar oan in hertoanfal yn desimber fan dat jier, op it hichtepunt fan syn nije populariteit. Orbison syn libben waard tekene troch tragyk: syn frou stoar en twa fan syn bern rekken dea by twa ferskillende ûngemakken.
Orbison wie fan himsels in bariton, mar saakkundigen hawwe wol tocht datsyn stim in berik fan trije, as fjouwer oktaven hie.[1] De kombinaasje fan Orbison syn krêftige, hertstochtlike stim en yngewikkelde muzikale arranzjeminten hawwe kritisy wol yn ferbân brocht mei opera en him betitele as "de Caruso fan de Rock".[2]De fergeliking fan Orbision synstim em muzyk mei opera is ek makke troch ûnder oaren Bob Dylan, Tom Waits en songwriter Will Jennings.[3] Ungelikense artysten sa as Elvis Presley en Bono hawwe ferklearre dat syn stim respektyflik, de grutste en meast ûnderskate is dy’t ear heard hienen.[4] Doe’t de measte manljusartysten har yn de jierren 50 en 60 mei opset sin meast sa manlik mooglik presintearren, kants sjen lieten, drukke Orbison's sangen krekt in kalm soarte, wat wanhopige kwetseberens út. Orbison syn wize fan optreden, stilsteand, apart fan de oare muzikanten, swarte sinnebril en swarte klean dienen harres foar in waas fan geheimsinnigens dat om syn persoan hinge.
Op oanstean fan syn bewûnderer Bruce Springsteen waard Orbison yn 1987 opnaam yn de twadde klasse fan de Rock and Roll Hall of Fame. Itselde jier krige er ek in plak yn de Nashville Songwriters Hall of Fame. Rolling Stone sette Orbison op nûmer 37 yn har list fan 'Grutste Artysten fan Alle Tiden' en yn 2002 sette Billboard magazine Orbison op nûmer 74 yn de Top 600 fan beste opnameartysten. Orbison helle nûmer 13 op de list ‘’The 100 Greatest Singers of All Time’’ fan Rolling Stone yn 2008.
Diskografy
- Lonely and Blue (1960)
- Crying (1962)
- In Dreams (1963)
- There is Only One Roy Orbison (1965)
- Orbisongs (1965)
- The Orbison Way (1966)
- The Classic Roy Orbison (1966)
- Roy Orbison Sings Don Gibson (1967)
- Fastest Guitar Alive (1967) (soundtrack)
- Cry Softly Lonely One (1967)
- Roy Orbison's Many Moods (1969)
- Hank Williams the Roy Orbison Way (1969)
- The Big O (1970)
- Roy Orbison Sings (1972)
- Memphis (1972)
- Milestones (1973)
- I'm Still in Love With You (1976)
- Laminar Flow (1979)
- Class of '55: Memphis Rock & Roll Homecoming (1979) (mei Johnny Cash, Carl Perkins en Jerry Lee Lewis)
- In Dreams (Greatest Hits) (1987)
- Mystery Girl (1989)
- A Black and White Night (1989) (live)
- King of Hearts (1992)
- Combo Concert 1965 (1997) (live)
- Live at the BBC (1998) (live yn studio 1968 - 1985)
- Live in Alabama (1998) (live)
- 1955-1965 (Roy Orbison-CD-Box) (2001) (7-CD boks)
Bibliografy
- Amburn, Ellis (1990). Dark Star: The Roy Orbison Story, Carol Publishing Group. ISBN 0-8184-0518-X
- Brown, Tony; Kutner, Jon; Warwick, Neil (2000). Complete Book of the British Charts: Singles & Albums, Omnibus. ISBN 0-7119-7670-8
- Clayson, Alan (1989). Only the Lonely: Roy Orbison's Life and Legacy, St. Martin's Press. ISBN 0-312-03961-1
- Clayton, Lawrence and Sprecht, Joe, (eds.) (2003). The Roots of Texas Music, Texas A&M University Press. ISBN 1-58544-997-0
- Creswell, Toby (2006). 1001 Songs: The Greatest Songs of All Time and the Artists, Stories, and Secrets Behind Them, Thunder's Mouth Press. ISBN 1-56025-915-9
- DeCurtis, Anthony; Henke, James (eds.) (1992). The Rolling Stone Illustrated History of Rock & Roll, Random House. ISBN 0-679-73728-6
- Lehman, Peter (2003). Roy Orbison: The Invention of An Alternative Rock Masculinity, Temple University Press. ISBN 1-59213-037-2
Keppelings om utens
- (in) Roy Orbison webside
- (in) CMT's tribute to Orbison Mei muzykfideo-ôfdieling "Diamond Career Awards" fan 11-18-88, teffens seldsume fideo's "Heartbreak Radio" en "Walk On"
- (in) The White Book – The Beatles, the Bands, the Biz: An Insider's Look at an Era
- (in) 1975 Roy Orbison syn privee tillefoanyntervieuw mei Ronnie Allen (ûndersiker foar Casey Kasem)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|