Rottumereach (twadde fan rjochts)
Topografyske kaart fan Rottumerplaat en Rottumereach, desimber 2014
Noardstrân Rottumereach, septimber 2010
Sicht op de âlde kearn fan Rottumereach fanôf it nije plak fan de kaap.

Rottumereach is in Grinslânsk waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei Rottum. It heart ta de gemeente Iemsmûn. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan Rottum. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske kleaster Sint Juliana yn dat doarp.

Yn it noarden grinzet it oan de Noardsee en yn it suden oan de Waadsee. Yn it westen leit Rottumerplaat en yn it easten Borkum. It eilân is, mei Rottumerplaat en de Suderdúntsjes (in lyts resteilantsje besuden Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de Natoerbeskermingswet (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide beheard troch Rykswettersteat, Steatsboskbehear en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De eilannen binne net frij tagonklik en simmers wurde Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beheint tal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach út Noardpoldersyl wei.

Op it eilân stiet in âlde, út 1883 stamjende jitizeren kaap, dy't ea as beaken foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn 1986 erkend as ryksmonumint, waard 1989 ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.

Skiednis

Yn 1738 waard it eilân kocht troch de Steaten fan Grinslân, benammen omdat it as beskerming tsjin it oprdriuwen fan de weagen tsjin de kust sjoen waard en it partikuliere behear te winskjen oerliet. It ûnderhâld gie nei ferrin fan tiid oer nei it Ryk. Der waard in strânwarder oansteld dy't op it eilân wenne en de titel foud krige.

Meidat it Skyl, de geul tusken Rottumereach en Skiermûntseach, him yn de rin fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin yllustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.

De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn 1965. Fan dat momint ôf wie it ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan riishoutskermen en it poatsjen fan helmgers, krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan Rykswettersteat om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale. Der waard ferwachte dat it eilân yn in pear desennia ferdwine soe yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media fierd waarden, waard in behearskplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch beheind ûnderhâld dien wurde soe. Op Rottumerplaat bleau it wurk beheind ta it oprêden fan oanspielde rommel. Anno 2010 liket it dêrop dat it eilân net yn de Iems te lâne komme sil. It docht nammentlik bliken dat it fuortspielde sân fan de westkant him deljout oan de eastkant en oarsom bart dat ek. Itselde proses wurdt sjoen by Rottumerplaat, Simenssân en Skiermûntseach.[1]

Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch te sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in kaap.

Yn 1998 hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan 'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat er troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.

Mei trochdat it ûnderhâld, dêr't nei de besetting fan it eilân wer mei útein set wie, neat úthelle hie tsjin de grutte ôfslach oan de ein fan de jierren '90, is yn 2002 besluten om ek op Rottumereach allinnich noch twaris jiers de oanspielde rommel op te rêden. Dit skjinmeitsjen wurdt dien troch frijwilligers ûnder lieding fan in meiwurker fan Rykswettersteat. Dêrneist wurde by inkele lytse geulen om it oanlânjen folgje te kinnen prikken setten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.