Rosebud Sû Stamme
IngelskRosebud Sioux Tribe
lânseigenSičháŋǧu Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
haadkertierRosebud (Súd-Dakota)
etnisiteitLakota
ledetal24.000 (2013)
oprjochting1868
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatRosebud Yndianereservaat
lokaasjesúdlik Súd-Dakota
oerflak5.103,2 km²
ynwennertal10.500 (2000)
offisjele webside
www.rosebudsiouxtribe-nsn.gov
kaart
Rosebud Sû Stamme (Súd-Dakota)
Rosebud Sû Stamme
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De Rosebud Sû Stamme (Ingelsk: Rosebud Sioux Tribe; Lakota: Sičháŋǧu Oyáte, útspr.: [si'ʧʰã:ʁu o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.

Algemien

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 24.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Rosebud, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), foar it oergrutte part fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota, mei dêropta in lyts groepke Oglala. De Rosebud Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat

It reservaat fan 'e Rosebud Sû Stamme is it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan súdlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 5.100 km², en dêr't yn 2000 likernôch 10.500 minsken wennen. Oarspronklik makke it diel út fan it Grutte Sû-reservaat dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Rosebud ien wie. Yn 1910 waard nochris sa'n fjouwerfyfde part fan it oerbleaune Rosebud Reservaat losmakke en foar kolonisaasje troch blanken frijjûn. Rosebud is Ingelsk foar "roazeknop"; dêrfandinne de lytse roaskes (mei de noch lytsere wite tipys yn 'e midden) op 'e flagge fan 'e stamme.

Keppelings om utens

(in) Offisjele webside fan 'e Rosebud Sû Stamme

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.