De Rosebud is in rivier yn 'e Amerikaanske steat Montana. De rivier ûntspringt súdlik fan it Beartoothberchtme, deunby de grins mei Wyoming. It is gjin lange rivier, en hy mûnet al rillegau út yn 'e Stillwater, dat sels wer in sydrivier fan 'e Yellowstone is. De Rosebud foeget frijwat wat wetter oan 'e Stillwater ta, mar ek in protte silt. Dat komt foar it meastepart út 'e Butcher Creek, dat wer in sydstream fan 'e Rosebud is. De Rosebud is bekend fan 'e Slach oan 'e Rosebud, yn 1876, dy't oan 'e igge fan it rivierke útfochten waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.