Rorichum | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 444 (31-12-2016) | |
Oerflak | 8,72 km² | |
Befolkingsticht. | 51 / km² | |
Hichte | 1 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 | |
Koördinaten | 53° 19′ 17″ NB, 7° 21′ 20″ EL |
Rorichum is in terpdoarp oan de rjochterouwer fan de Iems yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. It doarp leit likernôch 10 km beëasten de haven fan Emden, tichteby Oldersum. Yn 2016 hie Rorichum in ynwennertal fan 444 op in oerflak fan 8,72 km².
Namme
Yn âlde oarkonden waard it plak Rorechum, Rorichsheem, Rarichum en Rarchum neamd. Nei alle gedachten is de namme fan de persoansnamme Roarik ôflaat en betsjut sokssawat as "Roarik syn hiem". De namme kaam yn de foarm Rarughem al yn it register fan de Abdij Werden foar om it jier 1000 hinne. Liudger, de meast ferneamde sindeling yn Fryslân, hat in soad lân oan de troch him stifte Abdij oerdroegen.
Skiednis
Njonken it terpdoarp binne der noch fiif "âlde" buorskippen: Tammegast, Venneplatz, Wolterserborg, Middelsterborg en Buschplatz, dat in earder foarwurk fan it kleaster Langen wie. Op 1 jannewaris 1973, yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen, waard Rorichum ien fan de alve doarpen fan de doe stifte gemeente Moormerland. Rorichum is in lânboudoarp.
Religy
De bakstiennen Nikolaastsjerke mei frijsteande klokkestoel, it eardere parochyhûs, en it eardere skoalgebou steane op it heechste punt fan de terp.
De tsjerke fan Rorichum is in rjochthoekige sealtsjerke sûnder apsis. Hy komt fan it begjin fan de fjirtjinde iuw. De frijsteande klokkestoel waard al inkelde desenniums foar de tsjerke boud. De gemeente skeakele nei it Oldersumer Kollokwium yn 1526 by de Reformaasje oer fan it katolike op it protestantske leauwen. Sûnt 1920 hat Rorichum gjin dûmny mear en brûkt dy fan Oldersum.
Keppelings om utens
- Webstee fan de gemeente Moormerland
- Beskriuwing fan Rorichum yn it histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
- Doarpsskiednis fan Rorichum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Haadplak: Warsingsfehn | |
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen |