Roos Tarpals personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Gungaansk | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Rugor Nass Jar Jar Binks Padmé Amidala | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Roos Tarpals (útspr.: [ˈɹuːs ˈtɑɹpɑlz], likernôch: "rûûs tar-pals") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is militêr oanfierder fan 'e Gunganen, in ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'e planeet Naboo. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) en hie ek in gastrol yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Tarpals waard hielendal mei special effects staljûn; syn dialooch waard yn 'e film ynsprutsen troch Steve Speirs en yn 'e searje troch Fred Tatasciore.
Fiktive biografy
Yn The Phantom Menace
Roos Tarpals is berne op 'e planeet Naboo. Hy begjint al jong in karriêre as militêr yn it leger fan 'e Gunganen en klimt troch de rangen op ta kaptein fan 'e wacht yn 'e ûnderwetterstêd Otoh Gunga, op 'e boaiem fan 'e Paongamar. As sadanich fiert er de opdracht fan 'e Gungaanske foaroanman baas Nass út om 'e knoffelige Jar Jar Binks omreden fan syn ûnopsetlike fernielsucht út 'e stêd te warjen. As dyselde ûnder de ynvaazje fan Naboo troch de Hannelsfederaasje weromkeart as gids foar de Jedi-ridders Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi, nimt Tarpals him yn 'e hechten. Mar Jar Jar wurdt neitiid troch baas Nass oerdroegen oan master Qui-Gon.
Nei't se de minsklike stêden op it drûge fan Naboo beset hawwe, keare de androïdelegers fan 'e Hannelfederaasje har tsjin 'e Gungaanske stêden ûnder wetter, nettsjinsteande de neutraliteit fan 'e Gunganen. Baas Nass lûkt him mei syn folk werom op harren hillige plak, djip yn 'e sompen. Dêr is Tarpals oanwêzich by de ûnderhannelings tusken Nass en de Nabooaanske keninginne Padmé Amidala, dêr't in militêr bûnsgenoatskip tsjin 'e Hannelsfederaasje út berne wurdt.
Om Jar Jar Binks te earjen foar syn rol yn it gearbringen fan harren beide folken, beneamt Nass him ta generaal fan it Gungaanske leger. As dat leger letter opmarsjearret tsjin 'e oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje, is de knoffelige Jar Jar lykwols inkeld yn namme de oanfierder. De wiere lieding is yn 'e hannen fan Tarpals, dy't de fijân yn 'e Slach op 'e Gerzige Fjilden dwaande hâldt oant de jonge Anakin Skywalker it flaggeskip fan 'e float fan 'e Hannelsfederaasje ferneatiget, mei as gefolch dat alle androïden yn 'e sliepstân geane. Underwilens nimt keninginne Padmé yn it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, kriichsfinzen, wêrmei't de oarloch einiget.
Neitiid nimt kaptein Tarpals diel oan in oerwinningsparade troch de strjitten fan Theed, dêr't hy, Jar Jar, baas Nass en de Gungaanske soldaten lûd tajûchheid wurde troch de Nabooaanske befolking.
Yn The Clone Wars
Under de Kloane-oarloggen jout Tarpals, dy't tsjin dy tiid opklommen is ta de rang fan generaal, gehoar oan 'e oprop fan 'e Jedi-master Yoda, dy't freget om Gungaanske frijwilligers foar de striid op 'e planeet Mon Cala. Om't de Gunganen amfibyen binne, kinne se op 'e oseaanwrâld Mon Cala nammentlik better út 'e fuotten as minsken of in hiel soad oarsoartige bûtenierdske wêzens. Tarpals jout him by in detasjemint Gunganen, dat ûnder de nominale lieding fan ôffurdige Jar Jar Binks op Mon Cala meifjochtet mei de kloansoldatedûkers út it Grutte Leger fan 'e Republyk en de lânseigen Mon Calamari en Quarren tsjin 'e androïdelegers fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels.
Letter yn 'e oarloch fiert de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels in nije ynvaazje fan Naboo út, wêrby't besocht wurdt om op snoade wize de Gunganen tsjin 'e minsklike Nabooanen op te setten. Tarpals en Jar Jar Binks binne nau belutsen by it foarkommen fan dat plan. Yn 'e striid slute Tarpals en ferskate oare Gunganen generaal Grievous yn, de fijannige befelhawwer. Dyselde weeft handich ôf mei de oaren en nimt it dan yn in man-tsjin-mangefjocht op tsjin Tarpals. Hoewol't de Gungaanske generaal deadlik ferwûne rekket, wit er Grievous langernôch út te skeakeljen dat er kriichsfinzen nommen wurde kin. Letter moat Grievous lykwols wer frijlitten wurde as greve Dooku it libben fan Anakin Skywalker bedriget.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |