Romeinske sifers is in talsysteem wat brûkt waard troch de Romeinen. Itselde systeem wurdt ek no noch faak brûkt: Bygelyks wurde klokken faak mei Romeinske sifers besifere. Ek wurde dy ek brûkt foar it nûmerjen fan generaasjes, fan bygelyks monargen.

Sifers

SymboalNûmmer
I1
V5
X10
L50
C100
D500
M1000

Opbou

Fanâlds wie it systeem frij, dêr´t it de oarder fan de sifers oanbelange. It wie I foar ien finger, V foar in hânfol, en X foar twa hanfollen, wat ek krekt if tal wie. Dat wol sizze: It wie it systeem fan it turven.

Letter waard it tastien en skriuw in leger nûmer foar in heger, om oan te jaan dat it der fan ôf lutsen wurde moast. Dan wie IV (4) dus net itseld as VI (6). It systeem sûnder ôfluken waard dêrnei minder faak brûkt, al moat sizzen wurde dat IIII (4) by klokken hieltiid noch wol brûkt wurdt.

Titulus

In fierdere útwreiding wie it brûken fan in Titulus. Dat is in hege streek om oan te jaan dat it oantal tûzen kear sa grut is. Sa wurdt in L mei in streek derboppe dus 50.000.

Der giet lykwols yn tsjin de idee yn, fan guon, dat Romeinske sifers altiten steaen foar it tal tusken de 1000 en de 9999, Dy idee komt fan it brûken fan dy sifers by jierren Anno Domini. Dat wurdt faak brûkt, en foar mear as tûsen jier hat it oersetten yn Arabyske sifers in tal fan fjouwer sifers opsmyten. Dat no binne der lju dy't net mear witte dat de sifers oars wêze kinne as jierren.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.