Lokaasje

It eilân Romeach (Deensk: Rømø; Noardfrysk Rem) leit yn 'e noardlike Waadsee foar de kust fan Denemark. It is hjoed de dei it súdlikste waadeilân fan Denemark, sa'n fiif kilometer noard fan Söl. It eilân hat in oerflak fan 128,86 km² en der wenje 677 minsken (teljier: 2006). It eilân is mei de fêste wâl ferbûn troch de Romeachdaam. De see om Romeach is lykwols frij wyld foar in daam, en der moat geregeld skea oan de daam reparearre wurde.

It eilân hat in tige breed sânstrân. Om't it, oars as de oare eilannen yn de noardlike Waadsee, altyd mei de auto berikt wurde kin, lûkt it dêrom in protte toeristen. Njonken it haadplak Havneby en it toeristeplakje Lakolk binne der dêrom op it eilân noch in protte fakânsjeparken en kampings.

Sjoch ek

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.