Romaanske arsjitektuer, of yn 't koart romaansk, is de beneaming foar in stylperioade yn de arsjitektuer yn Europa dy't duorre fan likernôch 1050 oant sa'n 1250. Yn Frankryk ferskynden om 1130 hinne de earste goatyske bouwurken, benoarden de Alpen en yn Spanje wie dat yn de rin fan de 13e iuw. De term Romaansk wurdt fral yn ferbân brocht mei arsjitektuer, sa as tsjerkgebouwen, mar wurdt ek brûkt foar oare keunstfoarmen út dat tiidrek, benammen de byldhoukeunst en de skilderkeunst; de romaanske keunst.
Terminology
De term romaansk datearret út 1820 en waard foar it earst brûkt troch de Frânske keunsthistoarikus Charles de Gerville, dy't yn de arsjitektuer oerienkomsten seach mei dy fan it âlde Rome. De term waard wenst meidat De Gervilles syn mear ferneamde kollega Arcisse de Caumont him oernaam. Oant 1820 waarden oare oantsjuttings brûkt, sa as foar-goatyske-, Byzantynske- en rûnbôgestyl.
Romaanske arsjitektuer
Nettsjinsteande de beneaming is de romaanske boustyl net streekrjocht basearre op de boustyl fan de Romeinen. Feitlik is it romaansk ûntstien út de Karolingyske styl, dêr't prinsipes út de Romeinske arsjitektuer fannijs yn ûntdutsen en tapast binne. Yn de romaanske styl kamen dy fierder ta ûntjouwing.
De romaanske styl hat as wichtige skaaimerken de lytse rûnbôgefinsters en dekoraasjes ek mei rûne bôgen. De muorren binne meast tige tsjok en fersierd mei lisenen, friezen en sparfjilden dêr't ek rûne foarmen de oerhân yn hawwe. De muorren droegen it grutstepart fan it gewicht fan it gebou, sadat gruttere finsters net mooglik wiene. Dêrom binnen romaanske tsjerken frijwat tsjuster fan binnen.
Boppeneamde skaaimerken binne frij algemien, mar it romaansk hat grutte regionale ferskillen. Boppedat makke it stadichoan ûntjouwings troch dy't úteinlik, troch it grutskalich brûken fan it krúsribferwulft, útmûnje soenen yn de goatyske boustyl, dêr't it romaansk troch ferkrongen waard. Oergongsstilen tusken romaansk en gotyk wurde wol oantsjut mei romanogotyk.
De measte gebouwen yn dy tiid waarden boud fan hout en oare natuerlike materialen, dat allinne de tsjerken en kleasters yn de romaanske boustyl binne oerbleaun út dy tiid.
Romaanske arsjitektuer yn Nederlân
De wichtichste romaanske tsjerken hearre ferskate abdijtsjerken en kapitteltsjerken ta. Omdat dy macht sjen litte moasten binne sy faak grut, mei hege tuorren en ryklik fersierd. Belangrike foarbylden binne de Sint-Servaasbasilyk en de Onze-Lieve-Vrouwebasiliek yn Maastricht, de Sint-Plechelmusbasilyk yn Oldenzaal, de tsjerke fan abdij Rolduc yn Kerkrade en de eardere abdijtsjerken fan Susteren en Sint Odiliënberg.
In aparte foaroansteand plak hawwe de saneamde Bernoldtsjerken, stiftingen fan biskop Bernold fan Utert. Dêr binne noch fan oer, de Pieterstsjerke en de Janstsjerke yn en de krypte fan de Lebuïnustsjerke yn Deventer. In tal tsjerken moast it oansjen fan in wrâldlike macht wjerspegelje, dêrfan binne allinne de Valkhofkapel yn Nymwegen en de Munstertsjerke yn Roermond oerbleaun.
Foarbylden yn Nederlân en Belgje
- De Dom fan Speyer yn Speyer
- De Sint-Bartolomeüstsjerke yn Luik
- De Basilyk fan Us-Leafrou-Tenhimelopnimming, Maastricht
- De Us-Leafrou-katedraal yn Doornik
It grutte tal doarpstsjerken dêr't de romaanske oarsprong noch dúdlik yn werom te kennen is, faak yn ferienfâldige foarm, binne in skrille tsjinstelling ta it relatyf lytse oantal oansjenlike tsjerken. Benammen yn de provinsjes Fryslân en Grinslân is fan in grut tal doarpstsjerken it romaanske karakter goed bewarre bleaun. Yn oare provinsjes binne de tsjerken meast noch mar foar in part romaansk, wylst yn oare gefallen it romaansk fannijs konstruearre is. In útsûndering fan belang is de Sint-Katarinakapel yn it Limboarchske doarp Lemiers, dy is it bêst bewarre foarbyld fan de âldst bekende type stiennen tsjerke yn Nederlân; in ienbeukich sealtsjerkje sûnder toer en mei in rjochtsletten koar.
Foarbylden yn Fryslân
Sjoch ek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Romanesque architecture fan Wikimedia Commons. |