Rogge
Ripe roggeier

Rogge (Secale cereale) is in gerssoarte dy't goed groeie wol op sângrûnen. It waard yn de 19e iuw yn Fryslân dan ek it meast ferboud fan alle nôtsoarten. Yn de roggefjilden groeiden klaproazen en kamille. Tusken heal septimber en heal oktober waard it siedde. As soks net slagge waard it ek wol begjin novimber besocht, mar net ein oktober, dan wie it springwike: it ynsiedde siedguod kaam dan stees boppe de grûn. Om de roeken op ôfstân te hâlden waarden faak hinnefearren struid dy't mei de wyn opwaaiden. Boeren hienen faak te krijen mei roggeroast: it like dan oft de roggekerrels dikker wienen as oars, mar soks kaam dan troch it woekerjen fan de roastswam. Wa't dat letter meimealde en iet koe der siik fan wurde en hie lest fan in soad jokte. Der wie in siske: 'Ik winskje dy de jokte en gjin neilen om te klauwen'. Om de bern út it boulân te kearen waarden se warskôge foar it 'roggewiif'. Bern ieten wol fan de ripe kerrels en makken hippertfluitsjes fan de roggestâle.

Yn Fryslân en Noard-Nederlân waard in soad donker roggebrea makke. Dat wurdt fan hiele roggekerrels makke, dy't dan brutsen waarden. Benammen yn de Wâlden waard in soad brogge iten. Sa iet men bûterbrogge (mei bûter der op), tsiisbrogge, sjerpbrogge, ierdappelbrogge, bakbrogge of in bôlebrogge. In húsfrou hie eartiids yn de koken faak in roggemooltsje om de roggekerrels te meallen ta moal. Dêrfan koenen dan pankoeken of roggeprip makke wurde.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.