Roelof Hessels Hommema (Feinsum, 24 febrewaris 1791 - Sint-Anne, 15 jannewaris 1854) wie boer, winkelman, astronoom, wis- en natuerkundige. Hy waard yn Hijum oplaat. Hy wie in neef fan Arjen Roelofs, by wa't er as sechstjinjierrige yn 'e lear kaam. Mei Sieds Johannes Rienks boude er de grutte teleskoop fan de stjerrewacht yn Leien. Hommema en syn freon Rinse Beerts Gelder (1794-1857) wiene fierders ek by libbensgefaarlike testen belutsen mei draakjes by swierwaar. Hommema rjochte yn 1825, te Sint-Anne it nei him ferneamde bedriuw op.
Boarnen
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.