Roel Sluiter
politikus
echte nammeW. Roelof Sluiter
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum17 jannewaris 1954
berteplakDe Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
partijPvdA
Boargemaster fan Harns
amtsperioade20122021
foargongerPaul Scheffer
opfolgerIna Sjerps
Wethâlder fan Ljouwert
amtsperioade20012010
Lid fan de gemeenterie fan Ljouwert
amtsperioade19942001

Roel Sluiter (folút: W. Roelof Sluiter; De Haach, 17 jannewaris 1954) is in Frysk politikus en ûnderwiisman fan Nederlânsk komôf.[1]

Libben en karriêre

Nei't er in oplieding oan 'e kweekskoalle ôfrûne hie, studearre Sluiter skiednis oan 'e Ryksuniversiteit Grins.[1] Fan 1981 oant 1994 wied er learaar yn 'e fakken skiednis en maatskippijlear oan 'e Stedske Skoallemienskip yn Ljouwert.[1] Dêrnei wied er oant 2000 ôfdielingsdirekteur fan Aldlân by de Iepenbiere Skoallemienskip "De Delta",[1] en doe (nei in fúzje en reorganisaasje) oant 2001 adjunkt-direkteur fan 'e skoallemienksip "Piter Jelles".[1]

Yn syn studintetiid wie Sluiter aktyf binnen de kommunistyske CPN, en ek nei't er yn 1984 nei Ljouwert ferhuze wie, hold er dy bannen noch ferskate jierren oan.[1] Om 1990 hinne sleat er him lykwols oan by de PvdA, en fan 1994 oant 2001 siet er foar dy partij yn 'e Ljouwerter gemeenterie.[1] Ein 2001 folge er syn ôftreden partijgenoate Hermien de Haan op as wethâlder.[1] Yn 2010 kearde er yn 'e funksje fan beliedsadviseur werom by syn âlde wurkjouwer, skoallemienskip "Piter Jelles", mar dy betrekking wie lykwols mar fan koarte doer.[1]

Begjin 2012 waard Sluiter nammentlik beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Harns, as opfolger fan Paul Scheffer.[1] Harns keas doe foar in waarnimmend boargemaster mei it each op 'e mooglike gemeentlike weryndieling, mar yn 2014 waard dúdlik dat Harns foarearst net yn in gruttere gemeente opgean sil.[1] Dêrom droech de gemeenterie Sluiter op 4 maart 2015 foar foar it "gewoane" boargemasterskip fan 'e havenstêd. Yn maaie 2015 waard er dêr as sadanich ynstallearre.[1]

Mids desimber 2020 makke Sluiter bekend dat er ophâlde woe as boargemaster.[2] Ein desimber waard syn opfolger bekend: Ina Sjerps, de oarspronklik út West-Fryslân ôfkomstige âld-gemeentesekretaris fan Rotterdam.[2] Sluiter naam op 26 juny 2021 formeel ôfskied as boargemaster.[3] Sjerps waard op 31 maaie ynstallearre as de nije boargemaster fan Harns.[4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 ——, Sluiter 'nieuwe' burgemeester, yn: de Ljouwerter Krante, 5 maart 2015.
  2. 1 2 Fierant, Tim, Oud-secretaris Rotterdam wordt burgemeester Harlingen, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2020, s. 32.
  3. ——, Burgemeester Roel Sluiter neemt afscheid van Harlingen, yn: de Harnzer Krante, 28 maaie 2021.
  4. Pennewaard, Koen, "Harlingen past wel bij mij", yn: de Ljouwerter Krante, 31 maaie 2021, s. 15.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.