Roel Reiné | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roel Reiné | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 july 1970 | |
berteplak | Eindhoven (Noard-Brabân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur, filmprodusint | |
bekenste produksje(s) | Michiel de Ruyter Redbad | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
prizen | Gouden Keal 1996 | |
offisjele webside | ||
www.roelreine.com |
Roel Reiné (Eindhoven, 15 july 1970) is in Nederlânsk regisseur en produsint fan films, tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's. Hy waard benammen bekend fan syn histoaryske films Michiel de Ruyter en Redbad.
Libben en karriêre
Reiné waard yn 1970 berne yn Eindhoven. Syn earste wurk as regisseur wie by it Nederlânske tillefyzjeprogramma De Uitdaging, út 1990, presintearre troch Angela Groothuizen. As jonge produsint begûn er syn karriêre, ûnder de wjukken fan it produksjebedriuw IDTV, mei de jongereinsearje Fort Alpha, út 1996, dêr't er ek as regisseur by belutsen wie. Neitiid wie Reiné as produksjelieder en regisseur ferantwurdlik foar in hiele rige Nederlânske tillefyzjeprogramma's, wêrûnder 12 Steden, 13 Ongelukken, Voor Hete Vuren, Brutale Meiden, ’t Zal Je Gebeuren... en SamSam.
De earste film dy't Reiné makke, wie de koarte film No More Control, út 1996. Dêrnei folge yn 1999 de tillefyzjefilm Car Wars, en datselde jier regissearre er ek de lowbudgetfilm The Delivery, mei akteur Fedja van Huêt yn ien fan 'e haadrollen. The Delivery wûn op it Nederlânsk Film Festival it Gouden Keal yn 'e kategory bêste rezjy. Reiné makke der nea in geheim fan dat er it leafst nei de Feriene Steaten ta woe om grutte films te meitsjen, en nei Adrenaline, út 2003, sette er him yn 2004 foarfêst yn Los Angeles nei wenjen.
It duorre fjouwer jier oant er yn Hollywood wurk krige, mar doe makke er yn ien jier (2008) trije films: Deadwater, Drifter en Pistol Whipped, dy lêste film mei yn 'e haadrol de ferneamde Amerikaanske akteur Steven Seagal. Yn 2009 folgen The Marine 2 en The Lost Tribe, yn 2010 Death Race 2, yn 2011 The Scorpion King 3: Battle for Redemption, en yn 2012 Death Race 3: Inferno. Tsjin dy tiid hie Reiné yn Hollywood in respektabele steat fan tsjinst opboud as regisseur fan B-films. Yn 2012 gied er fierder mei de rezjy fan 12 Rounds 2: Reloaded, en datselde jiers kaam fan him ek de film Dead in Tombstone út, mei Danny Trejo yn 'e haadrol.
Tuskentroch naam Reiné yn Nederlân ek de rezjy op him fan in stikmannich ôfleverings fan 'e regionale soapsearje Wolfseinde, fan Omrop Brabân. Yn Amearika makke er yn 2014 de film SEAL Team 8: Behind Enemy Lines, yn 2015 The Man with the Iron Fists en yn 2016 Hard Target 2. Ek mocht er yn 2017 twa ôfleverings regisearje fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Inhumans, in produksje fan Marvel Comics. Opmerklik wie dêrby dat dy beide ôfleverings earst yn 'e bioskopen draaiden ear't se op 'e tillefyzje te sjen wiene.
Yn 2015 kearde Reiné nei Nederlân werom om 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter op te nimmen, in foar Nederlânske begripen ûnbidich grutte spektakelfilm oer de santjinde-iuwske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter. Dêrfoar wurke er gear mei filmprodusint Klaas de Jong út Earnewâld. Michiel de Ruyter waard nominearre foar de priis fan bêste film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Peking en it Filmfestival fan Hamburch. Ek wiene der nominaasjes foar twa Gouden Keallen yn 'e kategoryen bêste film (publykspriis) en bêste regisseur (lange film). Yn 2017 sloegen Reiné en De Jong jitris de hannen yninoar foar in Nederlânske spektakelfilm. Dat waard Redbad, in film dy't gie oer de histoaryske persoan fan Redbad, de kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe.
Filmografy
Telefyzjesearjes
- "De uitdaging" (1990)
- "12 steden, 13 ongelukken" (1990)
- "Sam sam" (1994)
- "Voor hete vuren" (1995)
- "Brutale meiden" (1997)
- "Sterker dan drank" (1997)
- "'t Zal je gebeuren..." (1998)
- "De aanklacht" (2000)
- "Verkeerd verbonden" (2000)
- Blood Drive (2017)
- Marvel's Inhumans (2017)
Films
- No More Control (1996)
- Carwars (1999)
- The Delivery (1999)
- Adrenaline (2003)
- Deadwater (2007)
- Pistol Whipped (2008)
- Drifter (2008)
- The Forgotten Ones (2009)
- The Marine 2 (2009)
- The Lost Tribe (2010)
- Death Race 2 (2010)
- The Scorpion King 3: Battle for Redemption (2012)
- Death Race 3: Inferno (2013)
- 12 Rounds 2: Reloaded (2013)
- Dead in Tombstone (2013)
- SEAL Team 8: Behind Enemy Lines (2014)
- The Condemned 2 (2015)
- Michiel de Ruyter (2015)
- The Man with the Iron Fists 2 (2015)
- Hard Target 2 (2016)
- Dead Again in Tombstone (2017)
- Redbad (2018)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |