In roede, ek wol jerd of mollen, is oer it algemien in lingtemjitte. By strookferkaveling wurdt it ek as breedtemjitte brûkt.

De lingte fan in roede wie net oeral lyk, dy koe per plak ferskille. De krekte mjitte wie dan wol oanjûn op de tsjerkemuorre. De meast bekende wie de keningsroede dy't yn 1813 steld wie op 3,91278 meter. In dyksroede wie yn Wûnseradiels Suder Seediken 4,736 meter of 12 dyksfuotten, ± 16 Fryske houtfuotten.

De kante roede hat as flaktemjitte de âldere lânmjitten net ferdriuwe kind.

Neffens it yn 1820 ynfierde Nederlânsk metryk stelsel wie in roede gelyk oan 10 meter. Yn 1937 waard de roede as offisjele mjitte foar altyd ôfskaft.

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - roede
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W.C.H. Staring, Staring's lijst van alle binnen- en buitenlandsche maten, gewichten en munten, Schoonhoven: Van Nooten 1880.
  • O. Postma, De Friesche kleihoeve, Ljouwert: Noord-Nederlandsche boekhandel 1934, s. 13.
  • M.P. van Buijtenen & H.O. Obreen, IJsselmeerdijken, Boalsert: Osinga 1956, s. 7, 25, 150-151, 241, 445.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.