De ASIMO fan Honda út 2005, in prototype fan in minskfoarmige robot of androïde.

In robot is in masine, yn 't bysûnder ien dy't programmearber is troch in kompjûter, mei it fermogen om in yngewikkelde rige aksjes automatysk, dus sûnder fierder minsklik yngripen, út te fieren. Sa'n masine kin betsjinne wurde fia in ekstern kontrôle-apparaat dat wurket fia ôfstânsbetsjinning, mar it kin ek wêze dat soks yn 'e masine ynboud is. Robots kinne staljûn wurde mei in foarm dy't it minsklik lichem neibeart, en dan sprekt men wol fan in androïde. Mar de measte robots binne taakútfierende masines, ûntwurpen mei inkeld funksjonaliteit as rjochtline, ynstee fan estetyk, en sadwaande lykje se dan ornaris alhiel net op in minske.

Robots rinne útinoar fan androïden as ASIMO (Advanced Step in Innovative Mobility) fan Honda en TOPIO (TOSY's Ping Pong Playing Robot) fan TOPIO oant yndustriële robots, medyske operaasjerobots, kollektyf programmearre swaarmrobots en sels mikroskopyske nanorobots. Se wurde ek al ynset foar militêre doelen; sa binne militêre drones, lykas de General Atomics MQ-1 Predator, ek robots. Troch it neibearen fan in libbensecht stal of it útfieren fan automatyske bewegings kin it wol lykje as beskikt in robot oer yntelliginsje fan himsels. Dat is lykwols net it gefal, mei't wiere keunstmjittige yntelliginsje op dit stuit (2022) noch net bestiet. De ferwachting is wol dat dat yn 'e rin fan 'e ienentweintichste iuw berikt wurde sil. Op 't heden kinne robots autonoom of semy-autonoom wêze, wat betsjut dat se sels beslissings nimme kinne, dy't lykwols folslein basearre binne op foarprogrammearre sitewaasjes. Nei alle gedachten sille yn 'e takomst autonome dingen almar mear foarkomme; in foarbyld dêrfan is de ûntwikkeling fan selsridende auto's.

In laskrobot yn in fabryk.

De tûke fan 'e wittenskip dy't it ûntwerp en de bou, betsjinning en tapassing fan robots omfiemet, is de roboatika. Dêrta wurdt ek it ûntwerp en de tapassing rekkene fan kompjûtersystemen dêr't robots mei betsjinne wurde. It doel fan 'e roboatika is de ûntwikkeling fan automatisearre masines dy't it plak fan 'e minske ynnimme kinne by gefaarlike, ientoanige en werheljende taken en yn fabrikaazjeprosessen, of dy't minsken belykje kinne wat uterlik, hâlden en dragen en/of kognysje oangiet. Fan in grut diel fan 'e robots fan hjoed de dei is de ûntwikkeling ynspirearre troch de natoer op it mêd fan bio-ynspirearre roboatika.

It wurd "robot" komt fan it Tsjechyske robot, dat "arbeid" of "arbeider" betsjut. It waard foar it earst yn 'e moderne betsjutting brûkt yn it toanielstik R.U.R. (in ôfkoarting fan Rossumovi Univerzální Roboti, "Rossums Universele Robots"), dat yn 1920 skreaun waard troch de Tsjechoslowaakske toanielskriuwer Karel Čapek. (De betinker fan it wurd yn 'e nije betsjutting wie lykwols Karel syn broer Josef Čapek.) Yn 'e tiid dat it toanielstik skreaun waard, wiene robots noch klearebare science fiction. De earste elektroanyske autonome robots waarden yn 1948 makke troch de Ingelske útfiner William Grey Walter. De earste digitale en programmearbere robot waard yn 1954 útfûn troch de Amerikaan George Devol, dy't neitiid syn baanbrekkende roboatikabedriuw Unimation oprjochte. De earste Unimate-fabryksrobot waard yn 1961 ferkocht oan autofabrikant General Motors.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further Reading en References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.