Robert Zandvliet (Terbant, 1970) is in Nederlânske keunstskilder fan hjoeddeiske keunst; hy eksposearret yn binnen- en bûtenlân.

Libben en wurk

Fan 1987 oant 1992 folge Zandvliet in oplieding oan de Kristlike Akadeemje foar Byldzjende Keunsten yn Kampen (it lettere ArtEZ Art & Design Zwolle) en fan 1992 oant 1994 oan De Ateliers yn Amsterdam. Hy wûn yn 1994 de Prix de Rome: fan dat stuit ôf eksposearret er geregeldwei yn binnen- en bûtenlân.

Healwei de jierren 90 wie Zandvliet dwaande mei it ôfbyldzjen fan deistige dingen lykas hierspjelden, in telefyzje of in fototastel. Nei 1996 konsintrearre er him op it skilderjen fan lânskippen, ûnder oare autodiken fan boppe ôf sjoen. Dy lânskippen binne wol abstrakt en hawwe faak gjin hoarizon. Zandvliet brûkt temperaferve, nei't er âlde Italjaanske fresko's yn temperaferve skildere bestudearre hie. By it wurkjen mei temperaferve kin net oerskildere wurde meidat tempera sa trochsichtich is dat ûnderlizzende lagen te sjen bliuwe.

Wurk yn iepenbiere kolleksjes (in kar)

Prizen

  • Winner fan de Prix de Rome Skilderjen (1994)
  • Charlotte Köhler Priis (1998)
  • Wolvecamppriis (2004)

Literatuer

  • Stage of Being, 2018. Tekst: Hanneke de Man, Layout: Mart Warmerdam, Redaksje: Bernhard Knaus Fine Art, Frankfurt, Publisist: 99Uitgevers, Amsterdam, Ingelsk, Dútsk, 32 siden yn kleur, 31 x 23 sm, hardcover, leporello

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.