Robert Loggia
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSalvatore Loggia
nasjonaliteit Amerikaansk
berne3 jannewaris 1930
berteplakNew York (New York)
stoarn4 desimber 2015
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Sisyljaansk
jierren aktyf19512015
prizenSaturn Award 1988
offisjele webside
Robert Loggia yn 'e IMDb

Robert Loggia (wiere namme: Salvatore Loggia; New York, 3 jannewaris 1930Los Angeles, 4 desimber 2015) wie in Amerikaansk akteur en regisseur fan Sisyljaansk komôf. Hy waard bekend mei rollen yn films as Scarface, Prizzi's Honor en An Officer and a Gentleman en yn tillefyzjesearjes as Mancuso, FBI en The Sopranos. Loggia waard nominearre foar in Oscar en twa kear foar in Emmy Award, en wûn yn 1988 in Saturn Award.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Salvatore Loggia waard yn 1930 berne op Staten Island, in borough fan 'e stêd New York. Hy wie de soan fan 'e skuonmakker Beniamino Loggia, dy't berne wie yn it doarp Palma di Montechiaro, op Sisylje, en dy syn frou Elena Blandino, berne yn Vittoria, ek op Sisylje. Loggia groeide op yn 'e Italjaanske ymmigrantebuert Little Italy, op Manhattan, en wie fan hûs út Italjaansktalich.

Loggia trochrûn de middelbere skoalle oan 'e New Dorp High School, en learde neitiid fierder oan it Wagner Kolleezje. Hy studearre in blaumoandei sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Missoery, mar stapte al rillegau oer nei de Noardwestlike Universiteit, yn Evanston, ûnder de reek fan Chicago, dêr't er ûnder Alvina Krause aktearlessen folge. Letter learde er fierder ûnder Stella Adler oan 'e Actor's Studio, yn New York. Hy ûnderbriek syn stúdzjetiid om yn it Amerikaanske Leger te tsjinjen, dêr't er de rang fan luitenant berikte en wurke as nijslêzer op tillefyzje en radio foar it Southern Command Network yn 'e Panamakanaalsône.

Karriêre

Fan 1951 ôf stie Loggia yn New York op 'e planken, en yn 1955 makke er syn debút op Broadway yn it toanielstik The Man with the Golden Arm. In jier letter hied er syn earste roltsje yn in film, wêrfoar't er lykwols net op 'e ôftiteling fermelden waard. Yn 1958 briek er troch mei syn rol as sheriff Elfego Baca yn 'e Disney-tillefyzjesearje The Nine Lives of Elfego Baca.

Yn 1966 hie Loggia fierders de haadrol yn 'e etektivesearje T.H.E. Cat, oer in ynbrekker dy't sirkusartyst wurden is en yn syn frije tiid misdieden oplost. Doe't dy searje fanwegen ôffallende sjochsifers al rillegau stopset waard, makke Loggia in midlifekrisis troch dy't er letter omskriuwe soe as in "Dante-eske delgong yn 'e hel." Hy rekke al syn selsfertrouwen kwyt en seis jier lang liek syn karriêre oan diggels te lizzen. Syn earste houlik gie der úteinlik oan stikken en hy klaude pas wer by de wâl op doe't er yn 'e kunde kaam mei Audrey O'Brien, dy't letter syn twadde frou wurde soe.

Loggia yn 1966.

Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren hie Loggia gastrollen yn û.m. de plysjesearjes The Untouchables, Starsky and Hutch, Columbo, Kojak en Hawaii Five-0, de westernsearjes Gunsmoke, The High Chaparral, The Big Valley en Rawhide, de detektivesearje Ellery Queen, en de aksjesearje Charlie's Angels. Letter wied er ek te sjen yn gastrollen yn 'e westersearje The Little House on the Prairie, de soapsearje Falcon Crest, de detektivesearje Magnum, P.I. en de komeedzjesearjes Dharma & Greg, Frasier en Malcolm in the Middle. Yn 2004 hied er in weromkearende rol yn 'e misdiesearje The Sopranos, yn 'e rol fan 'e gewelddiedige maffioso Feech La Manna. Dêrnjonken wie Loggia ek as tillefyzjeregisseur aktyf, û.m. fan ôfleverings fan 'e detektivesearjes Quincy M.E., Magnum, P.I. en Hart to Hart.

Regisseur Blake Edwards caste Loggia fierders gauris yn byrollen yn syn films, wêrûnder Revenge of the Pink Panther (1978) en S.O.B. (1981). Om dyselde tiid hinne wie Loggia ek te sjen yn 'e slapstickfilm Flatfoot in Egypt, mei Bud Spencer. Ek spile Loggia yn 'e film Mercy Mission: The Rescue of Flight 771 (1983), dy't basearre wie op in wierbard ynsidint mei Air New Zealand-flecht 103. Begjin 1980-er jierren waard er fierders wrâldferneamd mei rollen yn 'e maffiafilms Scarface (1983) en Prizzi's Honor (1985), en as in gewelddiedige sûplap (de heit fan it personaazje fan haadrolspiler Richard Gere) yn An Officer and a Gentleman (1982).

Ek mei syn rol as generaal William Grey, de sjef fan 'e generale stêf fan 'e Amerikaanske Striidkrêften yn 'e science fiction-film Independence Day (1996), krige Loggia in protte bekendheid. Yn 2016 kroep er foar in cameo yn 'e film Independence Day: Resurgence nochris yn 'e hûd fan Grey. Fierders wied er yn 'e 1990-er jierren û.m. te sjen yn 'e science fiction-film Lifepod (1993), de westernfilm Bad Girls (1994) en de aksjefilm I Love Trouble (1994).

Loggia waard yn 1986 nominearre foar in Oscar (de wichtichste Amerikaanske filmpriis) foar syn rol fan 'e gnoarrige privee-detektive Sam Ransom yn 'e skriller Jagged Edge (1985). Yn 1990 folge in nominaasje foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) foar syn rol fan 'e FBI-agint Nick Mancuso yn 'e plysjesearje Mancuso, FBI. Yn 2001 waard Loggia jitris nominearre foar in Emmy foar syn byrol fan pake Victor yn 'e komeedzjesearje Malcolm in the Middle. Fierders wûn er yn 1988 in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn optreden yn 'e film Big.

Robert Loggia mei syn twadde frou Audrey yn 2012 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Miami.

Mei syn djippe, gnarsende stim krige Loggia ek in protte wurk as stimakteur. Sa wurke er yn 1988 mei oan 'e Disney-tekenfilm Oliver & Company. Letter wied er as stimakteur û.m. belutsen by de produksje fan 'e kompjûterspultsjes FreeSpace 2 (1999), Scarface: The World is Yours (2006) en Grant Theft Auto III (2010), en de tekenfilm The Dog of Flanders (1997). Teffens hied er in weromkearende rol yn 'e tekenfilmsearje Tom Goes to the Mayor (2004-2006).

Priveelibben

Loggia troude yn 1954 mei Marjorie Sloan, mei wa't er trije bern krige: Tracey, John en Kristina. Syn soan waard produksje-ûntwerper, en syn beide dochters aktrise. Troch Loggia syn midlifekrisis rekke syn houlik mei Sloan yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren yn 'e swierrichheden, en dat kaam nea wer goed. Uteinlik skieden se yn 1981. It jiers dêrop wertroude Loggia mei de sakefrou Audrey O'Brien, dy't in dochter út in eardere relaasje hie, Cynthia Marlette. Dyselde waard sadwaande Loggia syn styfdochter. Loggia en O'Brien bleaune oant syn ferstjerren byinoar.

Op 17 desimber 2011 ûntfong Loggia in earedoktoraat fan 'e Universiteit fan Missoery, dêr't er as jongeman oan studearre hie.

Ferstjerren

Yn 2010 waard by Loggia de sykte fan Alzheimer fêststeld. Likegoed gied er suver oan syn dea ta troch mei aktearjen. Hy ferstoar op 4 desimber 2015 yn syn hûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Brentwood, oan komplikaasjes feroarsake troch syn krupsje. Robert Loggia waard 85 jier.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1956Somebody Up There Likes MeFrankie Pepponet fermeld op 'e ôftiteling
1957The Garment JungleTulio Renata
1958Cop Haterresjersjeur Steve Carelli
1958The Lost Missiledr. David Loring
1963Cattle KingJohnny Quatro
1965The Greatest Story Ever ToldJoazef fan Nazaret
1966The Three SistersSolyony
1966Elfego Baca: Six Gun LawElfego Baca
1969Che!Faustino Morales
1974Two MissionariesMarches Gonzaga
1977SpeedtrapSpillano
1977First LoveJohn March
1978Revenge of the Pink PantherAl Marchione
1980The Ninth Configurationluitenant Bennish
1980Flatfoot in EgyptEdward Burns
1981S.O.B.Herb Maskowitz
1982An Officer and a GentlemanByron Mayo
1982Trail of the Pink PantherBruno Langois
1983Psycho IIdokter Bill Raymond
1983Curse of the Pink PantherBruno Langois
1983ScarfaceFrank López
1985Prizzi's HonorEduardo Prizzi
1985Jagged EdgeSam Ransomnom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1986Armed and DangerousMichael Carlino
1986That's Life!pastoar Baragone
1987Over the TopJason Cutler
1987Hot Pursuit"Mac" MacClaren
1987The Believersynspekteur Sean McTaggert
1987Gaby: A True StoryMichel Brimmer
1987Amazon Women on the Moongeneraal McCormicknet fermeld op 'e ôftiteling; segmint The Unknown Soldier
1988BigMacMillanSaturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1988Oliver & CompanySykesas stimakteur
1989RelentlessBill Malloy
1989Triumph of the Spiritpastoar Arouch
1990Opportunity KnocksMilt Malkin
1991The Marrying ManLew Horner
1991Necessary Roughnesscoach Wally Rig
1992Gladiator"Pappy" Jack
1992Innocent BloodSallie "The Shark" Macelli
1992Spies Inc.Mac
1993Lifepoddirekteur Banks
1994Bad GirlsFrank Jarrett
1994The Last Tattookaptein-luitenant-op-see Conrad Dart   
1994I Love TroubleMatt Greenfield
1995ColdbloodedGordon
1995Man with a GunPhilip Marquand
1996Independence Daygeneraal William Grey
1997Lost HighwayDick Laurent / Eddy
1997Smilla's Sense of SnowMoritz Jasperson
1997The Dog of Flanderspake Jehanoarspronklike Japanske titel: Furandāsu no Inu; stimakteur yn 'e Ingelske neisyngronisearring
1997The Don's Analystdon Vito Leoni
1998Wide Awakepake Beal
1988The PropositionHannibal Thurman
1988Holy ManJohn McBainbridge
1988Hard TimeConnie Martin
1999The SuburbansJules
1999FlypaperMarvin
1999American VirginRonny
2000Return to MeAngelo Pardipillo
2001Dodson's JourneyOpti Dodson
2001The ShipmentFrank Colucci
2001All Over AgainZack
2005The DealJared Tolson
2006Funny MoneyFeldman
2006RainJake Marvin
2006Forget About ItCarl Campobasso
2006Wild SevenMackey Willis
2008The Boneyard Collection ?
2008The Least Of Thesepastoar William Jennings
2009Shrinkdokter Robert Carter
2010HarvestSiv
2010Obituary of the SunSamuel Levine
2011FakeSeamus White
2011The Grand Theftgeneraal McAvoy
2011The Great Fightdr. Salvatore Reno
2011The Life ZoneJohn Lation / Satan
2012Apostle Peter and the Last Supperde apostel Petrus
2012Tim and Eric's Billion Dollar MovieTommy Schlaaang
2012The Diary of Preston PlummerJohn Percy
2012Margarine Warspake Griswold
2013Real GangstersTanno
2014SnapshotPaul Grady
2014Scavenger Killersdokter Montgomery
2014An Evergreen ChristmasPops
2014The Big Fat Stonepastoar Walter
2015Bleeding Heartssheriff Wilson
2015No DepositSydney Fischer
2015Sicilian VampireSantino Trafficante sr.
2016Independence Day: Resurgencegeneraal William Greycameo; postúm útbrocht
2016The Red Maple LeafPatrick Adams sr.postúm útbrocht
2017Cries of the UnbornLationpostúm útbrocht
2019The Savantdokter Salvatore Renopostúm útbrocht
tillefyzje
1959Wagon TrainJosé Maria Morangastrol; ôfl. The Jose Maria Moran Story
1959Alcoa Presents: One Step BeyondTom Grantgastrol; ôfl. The Hand
1962The UntouchablesLeo Menckengastrol; ôfl. Takeover
1963Alfred Hitchcock Presentssjauffeurgastrol; ôfl. You'll Be the Death of Me
1965Combat!Etiennegastrol; ôfl. The Tree of Moray
1965Gunsmokeluitenant Cal Trippgastrol; ôfl. Chief Joseph
1965The Wild Wild WestWarren Trevorgastrol; ôfl. The Night of Sudden Death
1966–1967T.H.E. CatThomas Hewitt Edward Catfêste rol; 26 ôfl.
1968The Big ValleyVern Hicksongastrol; ôfl. The Profit and the Lost
1968The High ChaparralChiogastrol; ôfl. The Deceivers
1974Cannon ?gastrol; 1 ôfl.
1974Mannixynspekteur Vargagastrol; ôfl. Bird of Prey
1975Starsky & HutchBen Forestgastrol; ôfl. The Fix
1975S.W.A.T.Joe Stevensgastrol; ôfl. Hit Men
1976Cannon ?gastrol; 1 ôfl.
1976ColumboHarrygastrol; ôfl. Now You See Me
1976The MoneychangersTony "Tony Bear"weromkearende rol; 2 ôfl.
1976–1977The Rockford FilesManny Arturisweromkearende rol; 2
1976Wonder WomanHans Eichlergastrol; ôfl. Wonder Woman vs Gargantua
1976Street KillingLouis Spillanetillefyzjefilm
1977Raid on EntebbeYigal Allontillefyzjefilm
1978The Rockford FilesRussell Nevittgastrol; ôfl. Rosendahl and Gilda Stern Are Dead
1980–1986Magnum, P.I.Philippe Trusseauweromkearende rol; 3 ôfl.
1981Fantasy IslandPorter Brockhillgastrol; ôfl. The Heroine/The Warrior
1982A Woman Called Goldapresidint Anwar Sadat fan Egypteminysearje
1982Little House on the PrairieThomas Starkgastrol; ôfl. Rage
1983–1984Emerald Point N.A.S.Yuri Bukharinfêste rol; 16 ôfl.
1987Echoes in the DarknessJay Smithweromkearende rol; 2 ôfl.
1987Conspiracy: The Trial of the Chicago 8William Kunstlertillefyzjefilm
1988Favorite SonNick Mancusogastrol; ôfl. Part One
1989–1990Mancuso, F.B.I.FBI-agint Nick Mancusofêste rol; 20 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in dramasearje
1991Sunday DinnerBen Benedictminysearje; 6 ôfl.
1993Wild Palmssenator Anton Kreutzerminysearje; 5 ôfl.
1993Mercy Mission: the Rescue of Flight 771   Gordon Vettetillefyzjefilm
1994Picture WindowsMercegastrol; ôfl. Armed Response
1996The Right to Remain Silentynspekteur Mike Brosloetillefyzjefilm
1996Mistrialkaptein Lou Ungertillefyzjefilm
1999Joan of Arcpastoar Monetminysearje; 2 ôfl.
2000Dharma & Greggeneraal Kirbygastrol; ôfl. Hell No, Greg Can't Go
2000Malcolm in the Middlepake Victorgastrol; ôfl. The Grandparents
nom. Emmy Award foar bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje
2000FrasierStefanogastrol; ôfl. The Three Faces of Frasier
2000The Outer Limitsrjochter Earl Claytongastrol; ôfl. Final Appeal
2000Touched by an AngelChandler Crownegastrol; ôfl. Restoration
2003Queens Supremerjochter Thomas O'Neillfêste rol; 13 ôfl.
2004The SopranosFeech La Mannaweromkearende rol; 4 ôfl.
2006Tom Goes to the MayorLew Petersenas stimakteur; gastrol; ôfl. Saxman
2008MonkLouie Flynngastrol; ôfl. Mr. Monk Takes a Punch
2010Hawaii Five-0boatsman 1e klasse Ed McKaygastrol; ôfl. Ho'apano
2010–2011Men of a Certain AgeArtieweromkearende rol; 3 ôfl.
2011–2013Family Guyhimselslive-action cameo; weromkearende rol; 2 ôfl.
fideospultsjes
1999Freespace 2admiraal Petrarchas stimakteur
2001Grand Theft Auto IIIRay Machowskias stimakteur
2006Scarface: The World Is Yoursferteller / boargeras stimakteur

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.