The Skeleton Reanimated, yllustraasje fan William Blake foar Robert Blair's gedicht The Grave

Robert Blair (Edinburgh, 1699 - Athelstaneford, 4 febrewaris 1746) wie in Skotsk dichter.

Blair wie de âldste soan fan Robert Blair, dûmny yn Edinboarch. Hy studearre oan de Universiteit fan Edinboarch en yn Nederlân. Yn 1731 waard er sels dûmny yn Athelstaneford yn East Lothian. Hy boaske oan Isabella Law yn 1738. It pear krige seis bern. Meidat Blair út in begoedige famylje stamme hie er it oan tiid om him oan syn hobbys te wijen, túnkjen en stúdzje fan de Ingelske poëzy.

Robert Blair waard ferneamd fan mar ien wurk: The Grave ('It grêf') út 1743, dat tige populêr waard. It gedicht hat 767 rigels en is skreaun yn blanke ferzen. Hoewol't de ynhâld fan it gedicht sa swier en dreech net is as de titel tinken dwaan kin, wurdt Blair fanwege it wurk wol beskôge as ien fan de 'faars' fan de tsjerkhôfpoëzij, dêr't de beoefeners fan letter oantsjut wurde soenen mei Graveyard poets.

Yn 1808 ferskynde in útjefte fan it gedicht mei yllustraasjes fan William Blake.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.