In Roazekrâns
Gebedswize fan de katolike roazekrâns:
1. krústeken, leauwensbelidenis
2. Us Heit
3. trije Wês groeten
4. Eare oan de Heit
5. fiif groepen fan tsien mei elts in "Us Heit", tsien kear in "Wês groete" en in Eare oan de Heit

In roazekrâns is in gebedskeatling dat yn de Roomsk-katolike tsjerke brûkt wurdt. Roazekrâns kin ek roazekrânsgebed betsjutte en is in helpmiddel by it útfieren dêrfan. De roazekrâns bestiet út fiif grutte en fyftich lytse kralen. It gebed bestiet út it bidden fan it Us Heit (15 kear) en it Wês groete (150 kear) troch de roazekrâns trije kear troch te rinnen. Faak wurdt de roazekrâns trije kear troch rûn en wurdt der dus fiif kear it "Us Heit" en fyftich kear it "Wês groete". Dat hiet dan in roazehuodsje, mar wurdt ornaris "roazekrâns" neamd. By it bidden fan de roazekrâns wurdt it libben, lijen en ferrizenis fan Jezus betocht.

Skiednis

De oarsprong fan de roazekrâns is winliken it ferfangen fan it monastike psalmgebed. Om't it gewoane tsjerkefolk de 150 psalmen net út 'e holle opsizze koe, sa as de muontsen koene, waard dat ferienfâldige ta it 150 kear bidden fan it "Wês groete". Ynearsten waard der benammen 150 kear it "Us Heit" bidden, mar waard der letter yn it Westen de bedêstens ta Marije oan ferbûn.
De roazekrâns krige syn hjoeddeiske foarm yn de fyftjinde iuw troch it preekjen fan de dominikaan Alanus de Rupe (1428-1475). De roazekrâns wurdt gauris ferbûn mei de Hillige Dominikus, dy't de stifter fan de Oarder fan de Dominikanen wie, mar der is gjin bewiis dat er de grûnlizzer dêrfan wie.
Paus Leo X joech it goedkarren oan it gebed en waard dêrnei troch de tsjerke oanrikkemandearre.

Geheimen fan it leauwen

It bidden fan de roazekrâns wurdt dien mei it betinken fan de geheimen fan it leauwen. It wurdt "geheim" moat leaver opfette wurde yn de betsjuttenis fan "mystearje". Der binne tweintich fan dy geheimen. Der binne "groepen" fan fiif en se steane ferneamd as blide, drôvige en ferhearlike geheimen. Yn 2002 heake paus Jehannes Paulus II, by it begjin fan it Jier fan de Roazekrâns, dêr de "fiif geheimen fan it Ljocht" oan ta. Meiïnoar jouwe de geheimen in soarte fan gearstalling fan it Evangeelje. Dêrtroch kin it bidden fan de roazekrâns immen dúdliker bewust meitsje fan de Bibelboadskip. It is lykwols net ferplichte de geheimen oer te wagen. De geheimen binne:

Blide geheimen

Geheimen fan it Ljocht

Drôvige geheimen (Goedfreed)

  • Jezus bidt yn eangst ta syn himelske Heit.
  • Jezus wurdt gisele.
  • Jezus wurdt mei toarnen kroane.
  • Jezus draacht it krús nei de berch fan Kalvaarje.
  • Jezus stjert oan it krús

Ferhearlike geheimen

Geheimen fan de dei

It geheim fan de dei wurdt fêstlein oan de hân fan it folgjende skema:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.