In roast (út it Ingelsk; útspr.: [ɹoʊst], likernôch: "roost") is in foarm fan humor en komeedzje, wêrby't in groep persoanen (faak komiken) yn oanwêzichheid fan publyk oanhâldend misledigjende grappen fertelle oer in oare persoan, dy't dêrby oanwêzich is. De grappen kinne gean oer echte dingen, saken dy't út 'e kontekst skuord of ferwrongen binne of it kin gean om dingen dy't folslein út 'e tomme sûgd binne. It 'slachtoffer' wurdt op dy manear stadichoan 'roastere' (dêrfandinne de namme), as hong er oan it spit boppe in fjoer.

In roast hat ornaris in min ofte mear rituële foarm. It 'slachtoffer' moat der yn 't foar mei ynstimme en moat ûnder syn of har roast alle grappen oer him- of harsels goedmoedich opnimme sûnder lulk te wurden. It idee is dat de grappen, hoe misledigjend oft se ek wêze kinne, net as oprjochte krityk bedoeld binne, mar inkeld om it publyk oan it laitsjen te bringen. De roasters fertelle net inkeld grappen oer it 'slachtoffer', mar hawwe ek de gek mei inoar. Der is in seremoanjemaster, de saneamde roastmaster, dy't de lieding oer it evenemint hat. Faak hat in roast de foarm fan in tillefyzjespecial, en is de roastmaster de presintator. Oan 'e ein fan 'e roast kriget it 'slachtoffer' de kâns om 'e roasters fan replyk te tsjinjen en yn in wjerwurd yn deselde geast grappen oer harren te meitsjen.

De term 'roast' soe yn dizze betsjutting ûntstien wêze doe't yn 1949 yn 'e New York Friars Club yn New York sa'n soarte evenemint organisearre waard, mei akteur en sjonger Maurice Chevalier as earegast/slachtoffer. Fan 1968 oant 1971 wiene de earste roasts op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen yn it programma Kraft Music Hall, wêrby't de slachtoffers û.m. presintator Johnny Carson en sjonger Jerry Lee Lewis wiene. Fan 1974 oant 1979 en yn 1984 waard it programma The Dean Martin Celebrity Roast makke, presintearre troch komyk Dean Martin, wêryn't û.m. akteurs Kirk Douglas, Bette Davis, Jimmy Stewart en Lucille Ball, sjonger Frank Sinatra en sporter Muhammad Ali roaste waarden. De humor út dy tiid wie nei moderne mjitstêven hiel myld.

Fan 1998 oant 2002 stjoerde it Amerikaanske tillefyzjekanaal Comedy Central de jierlikse roast út dy't yn 'e New York Friars Club holden waard, mei as earegasten/slachtoffers û.m. de komiken Drew Carey en Chevy Chase, akteur en regisseur Rob Reiner en de útjouwer fan it neakenblêd Playboy Hugh Hefner.

Op basis fan it súkses fan dy roasts sette Comedy Central yn 2003 útein mei it organisearjen fan eigen roasts, ûnder de titel The Comedy Central Roast of, folge troch de namme fan it slachtoffer. Dêroan wurken (as slachtoffer) û.o. mei: akteurs Pamela Anderson, William Shatner, David Hasselhoff, Charlie Sheen, Roseanne Barr, James Franco, Rob Lowe, Bruce Willis en Alec Baldwin, presintator Bob Saget, sakeman Donald Trump en sjonger Justin Bieber. Komyk Jeff Ross wûn bekendheid troch syn dielname (as ien fan 'e roasters) oan alle roasts fan Comedy Central, en krige de bynamme 'roastmaster-generaal'.

Yn Nederlân organisearre Comedy Central Nederlân fan 2015 ôf yn deselde styl de roasts fan sjonger Gordon, radio-discjockey Giel Beelen, tillefyzjepersoanlikheid Johnny de Mol en rapper Ali B.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.