Roarik, ek wol Roerik fan Doarestêd of Hrörek wie in Deenske Wytsing dy't tusken 850 en 880 hearske oer in grut part fan Nederlân, dat yn dy tiid Frisia (Fryslân) neamd waard. Hy krige fan de Frankyske kening in grut gebiet yn lien dat te westen fan it Fly lei oant-en-mei Flakkee it tsjintwurdige Hjerringfliet. Dêrom wurdt er as in Fryske greve beskôge, mar it kin ek sa west ha, dat er himsels kening fan Fryslân neamde.
Komôf
Roarik waard om 810 hinne berne yn Jutlân, (Denemarken) as soan fan kening Anulo fan it skaai Haithabu. Hy hie in broer dy Harald hiet en sy wiene neven fan Harald I, greve fan Riustringen.
Yn harren jonge jierRen diene Roarik en Harald mei oan ferskate Wytsingen plondertochten. Yn 836 plonderen sy de delsettingen Antverpia, Deurne mei har Benediktiner kleaster, Merksem, Ranst en Broechem. Fan it ferwoaste Antverpia liet Roarik in typyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.
De Frankyske keizer Loadewyk de Fromme besocht Roarik en syn broer Harald fan plonderjen ôf te hâlden en joech harren yn it kader fan de kustferdigening wichtige militêre amten, Roarik te Doarestêd en Harald te Walcheren.
Greve fan Fryslân
Doe Loadewyk de Fromme yn 840 ferstoar liet hy syn ryk efter oan syn soannen Lotarius I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale. Lotarius I dy't as iennichste de keizertitel droech, liet fuortendaliks Roarik finzen nimme op beskuldiging fan heechferried. Dizze koe lykwols ûntkomme en fûn in gastfrij ûnderdak by Loadewyk, dy't him yn 841 it eilân Wieringen yn lien tawiisde.
Yn 850 moast keizer Lotarius I duldzje dat Roarik werom kearde nei Dorestêd as steedhâlder. Roarik krige opdracht de Deenske Wytsingen fan plonderjen ôf te hâlden, mar slagge dêr mar heal yn. Dorestêd bleau dêr yn elts gefal fan besparre.
Yn 855 besocht Roarik de Deenske kroan yn besit te krijen, mar kearde sûnder súkses tebek. Hy wie no fan betinken om de hearskippij oer hiel Fryslân yn hannen te krijen. Tegearre mei syn broer Harald slagge hy der yn de Fryske gebieten fanút de eilannen Wieringen (Roarik) en Walcheren (Harald) te oermasterjen. De nije keizer Lotarius II moast him by de hearskippij fan Roarik oer Fryslân dellizze. Roarik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it Fly en Maas. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige Hollân (Noard- en Súd-) en Utert.
Dochs joech Roarik syn oanspraak op de Deenske troan net op. Yn 857 naam er Hedeby yn en yn 859 waard Bremen plondere. Tidens de ôfwêzichheid fan Roarik foelen oare Deenske Wytsingen it Fryske gebiet oan. Sy oermasteren de wichtichste stêden Dorestêd en Utert, wêrtroch de biskop fan Utert, Hunger ûntwyk sykje moast yn Dimter. Hjirmei helle Roarik de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it greefskip oer Fryslân ûntnaam.
Doe't ek de Friezen tsjin de hearskippij fan Roarik yn opstân kamen (864), moast hy tydlik Fryslân ferlitte. Mar Roarik socht tanadering by de Frankyske keningen Karel de Keale en Loadewyk de Dútser en waard yn 870 fan beiden in fazal en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it kristendom en kaam te ferstjerren yn 880. Hy waard opfolge troch Godfried, de soan fan Harald.
Literatuer
- Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.