Roald Amundsen

Roald Amundsen, Roald Engelbregt Gravning Amundsen (* 16 july 1872, Hvidsten - † sirka 18 juny 1928, noardpoalgebiet), wie in Noarsk ûntdekkingsreizger yn de poalstreken. Hy wie de ûntdekker fan de Noardwestlike trochfeart, de earste minsk yn de skiednis dy't de Súdpoal berikte, en ien fan de minsken dy't as earsten de Noardpoal berikten.

Jonge jierren

Amundsen wie de jongste fan fjouwer bern, alle fjouwer jonges, fan Jens Amundsen en Hanna Henrikke Gustava Sahlquist, berne ta in famylje fan begoedige skipfarders. Nei't er de boeken fan de noardpoalreizger John Franklin lêzen hie, besleat Roald dat hy ek poalreizger wurde woe. Hy waard dêr noch wisser fan doe't er derby wie doe't Fridtjof Nansen yn 1888 weromkaam fan de oerstek oer Grienlân.

Amundsen begûn yn 1890 mei in stúdzje medisinen yn Kristiania, mar nei't Nansen yn 1892 besocht hie mei de Fram de Noardpoal te berikken, hâlde Amundsen op mei de stúdzje en waard er definityf poalreizger.

Earste ekspedysjes

Yn 1896 trof Amundsen Adrien de Gerlache, doe't dy dwaande wie in skip te keapjen dêr't er mei nei Antarktika woe, en sa waard Amundsen part fan de Belgyske Antarktyske Ekspedysje (1897-1899). It skip, de Belgica, waard yn 1898 it earste skip dat op Antarktika oerwintere. Ek oan board op dy tocht wie de Amerikaanske dokter Frederick Cook.

Yn 1902 helle Amundsen syn brevet as grutskipper, en al yn 1903 late Amundsen syn earste ekspedysje, om te dwaan wat John Franklin net slagge wie: de Noardwestlike trochfeart fine. Twa winters bleaunen se op Kening Willemeilân, noardwestlik fan de Hudsonbaai, dêr't Amundsen ek it plak dat de magnetyske noardpoal doe hie fêststelde. Hy learde ek folle oer it libben yn de snie fan de pleatslike befolking, de Inuit. Ein 1905 kaam it skip yn de Stille Oseaan út, mar troch de winter duorret it oant de maitiid fan 1906 oant it skip út it iis kaam.

De Súdpoal

Nei dit sukses woe Amundsen, besykje om by de Noardpoal te kommen, lykas Nansen besocht hie, dy't dêrfoar de Fram oan Amundsen útliende. Mar nei't Amundsen yn 1909 hearde dat Cook, en letter ek Robert Peary de poal al berikt hienen, feroare Amundsen syn plannen. Yn stee fan nei de Noardpoal gong er no nei de Súdpoal. En dat moast dan ek daalks dien wurde, want ek Robert Scott wie ûnderweis. Op 9 augustus 1910 sette de Fram ôf fan Kristiania, en yn 1911 waard der oerwintere yn de Walfiskbocht. It kamp dêr neamde Amundsen Framheim letterlik "It thús fan de Fram", mar nei analogy fan Nifelheim, it lân fan iis út de Noardske mytology.

Amundsen begûn syn tocht troch Antarktika nei de poal op 20 oktober 1911, en mei Olav Bjaaland, Helmer Hanssen, Sverre Hassel en Oscar Wisting kaam er op 14 desimber oan op de Súdpoal. Earst 35 dagen letter kaam ek Scott oan op de súdpoal. Op 7 maart 1912 kaam de Fram oan yn Hobart op Tasmaanje, en earst doe koe Amundsen de wrâld witte litte dat er op de Súdpoal west hie. Oer de tocht skreau Amundsen it boek "Sydpolen. Den norske sydpolsfærd med Fram 1910-1912" (De Súdpoal. De Noarske feart nei de Súdpoal mei de Fram 1910-1912).

Kaart mei de rûtes nei de poal fan Scott & Amundsen, mei plak en datum fan Scott's dea

Letter libben

Yn 1918 besocht Amundsen mei in nij skip, de Maud, en far troch de Noardeastlike trochfeart. Dit slagge him net, en it soe noch oant 1879 duorje eart de Sweed Adolf Erik Nordenskjöld as earste troch de Noardeastlike trochfeart kaam.

Mei de opkomst fan de loftfeart gong ek Amundsen oer op loftfartugen. Yn 1925 fleach er mei Lincoln Ellsworth en fjouwer oaren mei twa fleantugen nei 87° 44' noarderbreedte, noardliker as ea in fleantúch west hie. Yn 1926 wie Richard Byrd, neffens eigen sizzen, op 9 maaie as earste mei in fleantúch oer de poal flein. Trije dagen letter fljocht Amundsen, mei ûnder oaren Lincoln Ellsworth, de piloat Hjalmar Riiser-Larsen en de Italjaanske loftfeartyngenieur Umberto Nobile as earste mei in loftskip oer de Noardpoal. Se ferlieten op 11 maaie 1926 yn it loftskip Norge, boud troch Nobile, Spitsbergen en kamen op 13 maaie oan yn Alaska.

Dea

Yn maaie 1928 makke Umberto Nobile op 'e nij in tocht nei de Noardpoal, yn syn nije loftskip Italia. Op 21 maaie, op de weromreis, ferûngelokke it loftskip noardeastlik fan Spitsbergen. De beide mannen koenen net goed mear mei elkoar, mar dochs gong Amundsen daalks, tegearre mei fiif oaren, mei it Frânske fleantúch de Latham op 'e siik nei Nobile. Trije oeren letter waard it kontakt mei de Latham ferlern. Nobile waard op 22 juny rêden yn in oare rêdingsaksje, mar Amundsen en de oare fiif wienen foar altyd ferdwûn.

De Noardpoal

Yn de rin fan de 20e iuw hat der in protte twifel west oer de jildigens fan de bewearings fan Cook en Perry. Ek waard der tocht dat Byrd faaks net wier besocht hie nei de poal te fleanen, mar gewoan in rûntsje flein hie. Troch deiboekstúdzje is dúdlik wurden dat net oannaam wurde kin dat Cook of Perry de poal berikke hat. Byrd hat wier besocht de poal te berikken, mar hat mei motorproblemen omkeare moaten. Dit betsjut dat it loftskip de Norge de earste ekspedysje wie dy't ea de Noardpoal berikte. Dêrmei hat Amûndsen sûnder it te witten ien fan de minsken west dy't de earsten wienen dy't de Noardpoal berikt hawwe.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.