De pols.
Röntgenfoto fan in normale linkerpols

De pols (Latyn: carpus) is it diel fan it minsklik lichem (en fan it lichem fan guon bisten, lykas apen) dat de ûnderearm mei de hân ferbynt. Dêrby kin de oantsjutting 'pols' nei ferskate dingen ferwize:

  • it kompleks fan acht bonken dy't mei-inoar it skelet yn dit diel fan it lichem foarmje;
  • de dûbelassige, aaifoarmige knier (gewricht) dy't de frije beweging fan 'e hân mooglik makket;
  • de hiele anatomyske regio fan 'e pols, sêft weefsel, ieren, senuwen, spieren en hûd ynbegrepen.

Meastal bedoelt men mei 'pols' lykwols de knier, dy't bewegings fan 'e hân mooglik makket dy't yn it medysk jargon oantsjut wurde as palmêrfleksje, dorsaalfleksje, radiaalabduksje en ulnêrabduksje. Palmêrfleksje is it bûgen fan 'e hânpalm nei de pols ta; Dorsaalfleksje is it bûgen fan 'e rêch fan 'e hân nei de pols ta; radiaalabduksje is de sydlingse beweging fan 'e tomme nei de pols ta; en ulnêrabduksje is de sydlingse beweging fan 'e pink nei de pols ta.

Om't oan 'e binnenkant fan 'e pols de slachier dy't bloed nei de hân ta liedt ticht oan it oerflak leit, is de hertslach by de pols goed waarnimber, mei't men it klopjen fan it hert (of eins it ritmysk opstowen fan it bloed feroarsake troch it gearlûken fan 'e hertspier) fiele kin as men in finger op 'e polsslachier leit. Omtrint 325 f.Kr. ûntdiek Praksagoras fan Kos dat it opnimmen fan dizze polsslach in nuttich helpmiddel wie foar de diagnoaze fan in ferskaat oan krupsjes.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.