In rjochtbankdrama of rjochtsealdrama is in sjenre fan film en tillefyzje dat him taleit op it yn byld bringen fan spannende rjochtsaken mei alle omballingen dy't dêrby hearre. As sadanich is it in subsjenre fan 'e misdiefilm of misdiesearje. In rjochtbankdrama kin sawol spile wurde fanút it eachpunt fan it Iepenbier Ministearje, dat in gewykste krimineel efter de traaljes sjen moat te krijen, as út it eachpunt fan 'e ferdigening, dy't in falsk beskuldige fertochte frijsprutsen sjen moat te krijen. Benammen by tillefyzjesearjes fan dit sjenre wurdt dêrnjonken ek omtinken skonken oan it priveelibben fan 'e haadpersoanen, dy't almeast ofsier fan Justysje of strafrjochtabbekaat binne. Yn rjochtbankdramafilms wurdt ornaris mar ien inkele (soms wier barde) rjochtsaak behannele, mar yn tillefyzjesearjes is it net ûngebrûklik as der ferskate saken njonkeninoar spylje, bygelyks as it wol en wee fan in hiele abbekatekantoar folge wurdt.

Foarbylden fan rjochtbankdrama's binne:

Films
  • 12 Angry Men
  • A Few Good Men
  • A Time to Kill
  • In the Name of the Father
  • Inherit the Wind
  • The People vs. Larry Flynt
  • To Kill a Mockingbird
Tillefyzje
  • Ally McBeal
  • Boston Legal
  • Carson's Law (yn Nederlân bekend as The Carsons)
  • L.A. Law
  • Matlock
  • Perry Mason
  • Suits
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.