Ripuarysk Ripuarisch | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardmiddelfrankysk | |
lânseigen yn | Dútslân, Nederlân | |
tal sprekkers | 1 miljoen | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Heechdútsk - Middeldútsk - Westmiddeldútsk - Middelfrankysk - Ripuarysk | |
dialekten | Keulsk, Akensk, Bonnsk, Eschweilersk, Bocholtzersk, Kerkraadsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | ksh Keulsk |
It Ripuarysk, ek wol Noardmiddelfrankysk neamd, is in Dútske dialektgroep dy't part fan de Westmiddeldútske talefamylje is. Tegearre mei it Mûzelfrankysk, dêr't it Lúksemboarchsk ûnder falt, heart it Ripuarysk ta de gruttere Middelfrankyske talegroep en is part fan it Rynlânske dialektkontinuum fan it Opperdútsk ta de Nederfrankyske talen.
It Ripuarysk wurdt sprutsen yn it Dútske Rynlân yn in wiid omfiemjend gebiet om de stêd Keulen hinne, yn it uterste súdeasten fan de Nederlânske provinsje Limburch en yn it uterste noardeasten fan de Belgyske provinsje Luik (it noarden fan de Dútsktalige Mienskip).
Definysje
It Ripuarysk waard yn 1877 definiearre troch de Dútske taalkundige Georg Wenker as de taalfariant fan it gebiet tusken de Benrather liny (maken/machen) en de Bad Honnefer-liny (dorp/dorf) yn de Rynlânske waaier. As isoglosse dy't de oergong fan de Nederfrankyske nei de Middelfrankysk]]e talen oanjout wurdt almeast, benammen troch Dútske taalkundigen, de Benrather liny oanholden. De werklike oergong is mear dizenich. Tusken de grutte dialektgebieten fan it Limburchsk en it Ripuarysk is der nammers in lange en frij smelle Limburchsk-Ripuaryske oergongssône, dy't oant it Ruhrgebiet rint.
De term Rynlânsk wurdt brûkt foar de kloft dialekten dy't yn it hjoeddeistige Dútske Rynlân sprutsen wurdt.
Komôf
De namme Ripuarysk is ôflaat fan de Ripuaryske Franken of Rynfranken. It wurd "ripuarysk" is ôflaat fan it Latynske ripa - ouwer - dêr't de rjochter Rynouwer mei ornearre waard. Yn it midden fan de 3e iuw sleaten in nust Germaanske stammen dy't oan de ûnderrin fan de Ryn wennen, harren oan yn it stammeferbûn fan de Franken. In part dêrfan, de Salyske Franken lutsen oer de Ryn hinne Toksandrje yn Noard-Galje yn. De Frankyske stammen dy't yn de 4e iuw harren oan de ouwers fan de Middelryn, it boppeste part fan de Maas, it ûnderste part fan de Sieg en oan de Ahr, Erft en Ruhr nei wenjen setten waarden troch de Romeinen "Ripuariërs" neamd. Yn de 5e iuw oermasteren se Colonia, it lettere Keulen, en makken dy stêd ta harren haadstêd.
Tagelyk makken se in ein oan de dominânsje fan it Latyn yn dat part fan Germaanje. De oermastere befolking fan Keulen, ôfstammelingen fan de romanisearre Ubiërs en Galloromanen, waard assimilearre troch de Rynfranken.
Yn deselde tiid waarden, útsein yn Keulen, ek yn Frankfurt am Main en Reims nei alle gedachten noch foarmen fan it Aldfrankysk sprutsen, dy't him stadichoan yn de ôfsûnderlike dialekten ûntjoech.
Farianten
It meast bekende Ripuaryske dialekt is it Keulsk, it dialekt dat yn en om Keulen hinne sprutsen wurdt. Dialekten fan it Ripuarysk neame harsels almeast Platt (plat yn Nederlân). Oare dialekten binne it Akensk (Öcher Platt), Bonnsk (Bönnsch Platt), Eschweilersk (Eischwiele Platt), Kerkraadsk (Kirchröadsj plat) of Bocholtzersk (Bocheser plat). De measte fan de mear as hûndert Ripuaryske dialekten binne pleatslike dialekten dy't hearre ta in beskaat plak of mienskip. Ornaris binne der lytse ûnderskate ferskillen tusken buordialekten (dy't troch pleatsliken maklik werom te kennen binne) en gruttere ferskillen tusken de dialekten dy't fierder faninoar ôf lizze. Dy binne part fan in kloft isoglossen dy't de Rynlânske waaier neamd wurde. Der kin troch de pleatsliken, sels as der net Ripuarysk sprutsen wurdt, al fluch sekuer opmurken wurde, út hokker plak immen weikomt.
De farianten kinne ûnderferparte wurde yn:
- Westripuarysk, om Aken hinne en in lyts gebiet yn East-Belgje en it uterste súdeasten fan Nederlân
- Sintraalripuarysk
- Stedkeulsk (Städtkölnisch)
- Lânkeulsk (Landkölnisch)
Skaaimerken
It meast nijsgjirrige skaaimerk fan de fonology fan it Ripuarysk is it karakter fan syn toan. Dat eigenskip hat er mien mei it Limburchsk en it Mûzelfrankysk, wêrûnder it Lúksemboarchsk. De trije groepen dêr't it Limburchsk part fan de Nederfrankyske taalfamylje is en de oare twa fan de Middelfrankyske taalfamylje hawwe harren toan mien, wylst se op oare taalkundige mêden in bot ferskille. Dy trije groepen nimme yn alle Rynfrankyske dialekten in bysûnder posysje yn. Dy bysûndere toankarakter is nei alle gedachten werom te fieren op de oerhearskjende posysje fan de stêd Keulen yn de midsiuwen. Mear as yn oare Heechdútske dialekten is der yn it Ripuarysk ferskate skaaimerken oangeande ritme en yntonaasje te finen. It Ripuarysk hat in widere omfieming op it mêd fan lûd as oanswettende dialekten. It kin der mei te krijen hawwe dat er op it grinsgebiet tusken it Heechdútsk, it Nederdútsk en it Nederlânsk leit, dy't allegear ynfloed op it Ripuarysk útoefenje. It Ripuarysk hat lykas it Mûzelfrankysk gronemen. Sa binne der trije mooglike fokaallingten mei in betsjuttingûnderskate funksje. Ta tsjinstelling fan it Standertdútsk hat it Ripuarysk boppedat geminaasje fan konsonanten, benammen by logatomen, hoewol't dat mar komselden betsjuttingûnderskiedend is.
Gebrûk
Lykas it gebrûk yn oare streektalen it gefal is, stiet it brûken fan it Ripuarysk as deistige omgongstaal ûnder druk. It wurdt, benammen yn Noardryn-Westfalen, ferkrongen troch it Standertdútsk en it Rynlânske regiolekt. By guon bysûndere gelegenheden, lykas by karnaval as by skutterfeesten en merken, is it brûken fan it Ripuarysk lykwols populêr. Dêrnjonken binne der benammen yn en om Keulen hinne guon pleatslike popgroepen dy't yn it Ripuarysk sjone, lykas De Höhner en Bläck Fööss.
Ek wurdt it Ripuarysk yn religueuze omgong gauris brûkt. Troch it aartsbisdom Keulen wurde missen gauris foar in part yn it Keulsk fierd. Ek by reklame wurde gauris Ripuaryske biedwurden brûkt lykas Mer mulle nit, mer fahre mët, Küppers Kölsch em Köhlschrank is esu jot wie ene eijene Köbes em Hus of it iroanyske Dat Wasser vun Kölle es jot. Ek oanwizingsbuorden en wapenskylden lykas dat fan de feesthal Gürzenich binne gauris yn it Ripuarysk.
Literatuer
- Maria Loiuse Denst: Olper Platt - Bergisches Mundart-Wörterbuch für Kürten-Olpe und Umgebung. Schriftenreihe des Bergischen Geschichtsvereins Abt. Rhein-Berg e. V. Band 29. Bergisch Gladbach 1999. ISBN 3-932326-29-6
- Hans Bruchhausen en Heinz Feldhoff: Us Platt kalle un verstonn - Mundartwörterbuch Lützenkirchen-Quettingen. Bergisch Gladbach 2005. ISBN 3-87314-410-7
- Leo Lammert en Paul Schmidt: Neunkirchen-Seelscheider Sprachschatz, herausgegeben vom Heimat- und Geschichtsverein Neunkirchen-Seelscheid 2006. (ca. 7300 Wörter)
- Theodor Branscheid (Hrsg): Oberbergische Sprachproben. Mundartliches aus Eckenhagen und Nachbarschaft. Band 1, Eckenhagen, 1927.
- Manfred Konrads: Wörter und Sachen im Wildenburger Ländchen, Rheinland-Verlag, Keulen, 1981
- Helmut Fischer: Wörterbuch der unteren Sieg. Rheinische Mundarten. Beiträge zur Volkssprache aus den rheinischen Landschaften Band 4. Rheinland Verlag, Keulen, 1985. ISBN 3-7927-0783-7
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op de:Ripuarische Dialekte |
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Ripuaryske ferzje. |