Rinse Meilsma (Aldegea (Smellingerlân), ±1660 - Boksum, 10 juny 1721) wie predikant en teolooch.
Fan 1681 oant syn dea yn 1721 wie Meilsma dûmny yn Boksum. Hy wie belutsen yn de striid tusken Herman Alexander Röell en Campegius Vitringa. Syn wurk Noodlijdende waarheid ondersteunt (1691), hoewol geunstich beoardiele troch de klassis Ljouwert, waard ferbean en fan Deputearre Steaten fan Fryslân waard er beskrobbe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.