De Rink van der Veldepriis is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde. De priis is neamd nei de yn 2001 ferstoarne skriuwer Rink van der Velde, en de eask is dan ek dat it folksaardich wurk wêze moat, skreaun foar in breed publyk, lykas dat ek gou foar Van der Velde syn wurk.
Gemeente Smellingerlân en de útjouwer Fryske Parse Boekery hawwe de priis yn 2003 ynsteld. De sjuery wurdt ynsteld troch de stifting It Fryske Boek. Foar eltse winner wurdt troch Anne Woudwijk in byldsje makke nei in tema út it wurk fan Rink van der Velde. Fierders krijt de winner in jildpriis fan 1.250 euro.
Priiswinners
De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt foar wurk dat yn de twa jierren derfoar ferskynd is:
- 2004: Koos Tiemersma - De ljedder.
- 2006: Harmen Wind - It ferset.
- 2008: Auck Peanstra - Sitebuorren, myn eigen paradys.
- 2010: Arjen Terpstra - De hearen fan Fryslân
- 2012: Ferdinand de Jong - It dak fan de wrâld
- 2014: Ale S. van Zandbergen - Littenser merke
- 2016: Anne Feddema - De triennen fan Cheetah
- 2018: Willem Schoorstra - De nacht fan Mare
- 2020: Johan Veenstra - Vroeger is veurgoed veurbi'j
- 2022: Leo Popma - It sket fan Toussaint