In riedsel is in slim oplosber probleem. It wurdt soms yn 'e foarm fan in ferhaal opskreaun. De oplossing (it antwurd) moat fûn wurde troch it brûken fan eleminten út it ferhaal en it sûne ferstân. De sjarme fan it riedsel is it (ûnferwachte) antwurd.
It stellen fan riedsels wie (is?) in fermaaklike foarm fan ûntspanning. In soad riedsels wienen dan ek yn fersfoarm (it riedselrym).
- At er rint, dan stiet-er,
At er fljocht dan leit-er.- antwurd: it túfke fan in ljip
Sommige moppen binne ek yn de foarm fan in riedsel.
- Wat is swart-wyt en sit yn 'e beam?
- antwurd: in nêst jonge kij
- Wêr sit de measte fisk?
- antwurd: tusken de kop en de sturt
- Hoe witte jo wa't in Belch op in neakenstrân is?
- antwurd: Dejinge mei in puntsek
As bern in riedsel stelle begjinne se faak mei: "ra, ra".
- Ra, ra, wat haw ik yn myn hân?
In berneferske:
- De kening fan Egypte
die hie in ding dat hipte
tusken syn poaten
en ûnder syn gat.
Ra, ra, wat is dat?- antwurd: syn hynder
In noch net oplost fraachstik, wurdt ek in riedsel neamd.
- It riedsel fan de bou fan de Egyptyske piramiden.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.