Ricki Raxxx
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDeanna Betras
nasjonaliteit Amerikaansk
berne6 juny 1980
berteplakPittsburgh (Pennsylvania)
etnisiteit Libaneesk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf20042012
offisjele webside
www.clubrickiraxxx.com

Ricki Raxxx, echte namme: Deanna Betras (Pittsburgh, 6 juny 1980), is in rêstend Amerikaansk stripper, neakenmodel en pornografysk aktrise fan Libaneesk-Italjaansk komôf.

Libben en karriêre

Raxxx is berne yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania. Hja sette yn 2002 útein mei wurkjen yn 'e stripklub The Filly Coral yn Smithton, yn Pennsylvania, dêr't se ûntdutsen waard troch it neakenblêd Score. Dat late ta har posearjen foar Score en lyksoartige tydskriften as Hustler, Gent en Hustler's Busty Beauties.

Ricki Raxxx makke har debút yn in pornografyske film yn 2004. Sûnt dy tiid hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn inkele tsientallen films spile, foar labels as Score Entertainment, New Sensations, Jules Jordan Video, Digital Sin, Brazzers en Vivid Entertainment. It wichtichste part har wurk bestie oant de ein fan har karriêre út optredens yn stripklubs. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.