Kardinaal Richeleu

Armand du Plessis, hartoch fan Richelieu (folút: Armand Jean du Plessis, hartoch fan Richelieu en Fronsac; 9 septimber 1585 - 4 desimber 1642) wie in Frânske geastlike, ealman en steatsman.

Hy waard ta biskop wije yn 1608 en hy gie letter de polityk yn, dêr't hy yn 1616 steatssekretaris waard ûnder Maria de Médicis dy't it regintskip fierde foar kening Loadewyk XIII. Richelieu makke fluch opgong, sawol yn de Katolike Tsjerke as de Frânske regearing, want hy waard kardinaal yn 1622, en earste minister fan Loadewyk XIII yn 1624.

As earste minister rekke der yn konflikt mei Maria oer de pro-Spaanske polityk dy't de regintesse fierde en dy't hy feroardiele. Syn doel wie it keninklik gesach folslein frij te meitsjen fan beynfloeding troch famylje en fazallen, wylst hy teffens de anty-Habsburchske polityk fan Hindrik IV wer opgong dwaan litte woe. Godstsjinst en etyk stie bûten dat stribjen dat suver nasjonalistysk en ferstanlik wie. Ynlânsk briek hy de macht fan parlemint en de opposysje fan de hege eallju. Doe't de hugenoaten yn opstân kamen fierde hy sels it belis fan La Rochelle (1625-1628) en twong de protestanten it edikt fan Nimes te oanfarden (1629). Yn 1635 gripe Richelieu direkt yn de Tritichjierrige Oarloch yn. Hy sleat in tal ferbûnen mei de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en mei Sweden. Richelieu hat de grûnslach lein foar it absolutisme fan Loadewyk XIV en it politike oerwicht fan Frankryk yn Jeropa festige.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.