Richard II | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Richard II | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1595 | |
1e publikaasje | 1597, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Richard II | |
publikaasje | 1965, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Richard II, nei it Ingelske stik mei deselde namme (folút eins: The Tragedy of King Richard the Second, of ek wol: The Life and Death of King Richard the Second), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Richard II foarmet it earste part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan 'e ôfsette kening Richard II, dy't regearre fan 1377 oant 1399, al behannelet it inkeld de lêste twa jier fan Richard syn libben, fan 1398 oan 1400, en stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. Richard II moat omtrint 1595 skreaun wêze, en it waard foar it earst útjûn yn 1597. Fan it begjin ôf oan wie it in tige populêr toanielstik. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Ynhâld
It stik set útein as Hindrik Bolingbroke, de hartoch fan Hereford en in neef fan 'e kening, deilis rekke is mei Tomas Mowbray, de hartoch fan Norfolk, fanwegen de beskuldiging dat dy lêste it jild fan 'e kening ferkwânsele hat, wylst er der eins de soldij fan it leger mei betelje moatten hie. Bolingbroke skoot Mowbray teffens de resinte moard op syn omke, de hartoch fan Gloucester, op 'e lea, hoewol't syn heit, Jan fan Gaunt, fan tinken is dat kening Richard dêrefter siet. De beide eallju bringe harren rûzje foar de kening en freegje him om foar rjochter te spyljen, mar nei't Richard in hoart lang besocht hat om 'e ûnienichheid del te bêdzjen, daagje Bolingbroke en Mowbray inoar út ta in duël, nettsjinsteande de beswieren dy't sawol Jan fan Gaunt as de kening dêrtsjin hawwe.
It twagefjocht wurdt foarôfgien troch in lange seremoniële ynlieding en is noch mar kwealk begûn as Richard it ûnderbrekt en de beide eallju út Ingelân ferballet. As neitiid Jan fan Gaunt komt te ferstjerren, leit Richard II beslach op al dy syn lânerijen en jild (dy't fan rjochten oan 'e ferballe Bolingbroke tahearre). Dêrmei jaget er in grut part fan 'e adel en de begoedige boeren en boargerij tsjin him yn it harnas, mei't no nimmen mear fertrouwe kin op it behâlden fan syn besittings. Richard lûkt him dêr lykwols neat fan oan en brûkt syn nije jild om in oarloch yn Ierlân mei te bekostjen. Yn in spektakulêr ûnnoazele set (dy't trouwens histoarysk is en dus net oan Shakespeare syn fantasij ûntspruten) ferlit Richard Ingelân om eigenhandich syn leger oan te fieren tsjin 'e opstannige Ieren.
Bolingbroke makket fan 'e ôfwêzigens fan 'e kening en dy syn leger gebrûk om mei in eigen leger noardlik Ingelân binnen te fallen. Troch de algemiene ûnfrede tsjin Richard syn bewâld kin er fluch opmarsjearje nei it suden. Hy wit de hartoch fan York, in omke fan him en de kening beiden, dy't Richard foar syn ôfreis nei Ierlân as syn steedhâlder oansteld hie, oer te heljen en rin oer. Tsjin 'e tiid dat Richard him weromhastiget út Ierlân is de saak berêden. Bolingbroke kroanet himsels ta kening Hindrik IV, en Richard wurdt finzen set op it kastiel Pontefract (dat Shakespeare ferbastere ta "Pomfret").
Der binne lykwols noch guon rikardyske loyalisten, en nei ferrin fan tiid brekt der in opstân tsjin Hindrik IV út dy't laat wurdt troch de hartoch fan Aumerle, de soan fan 'e hartoch fan York (en dus in folle neef fan sawol Richard II as Hindrik IV). De opstân wurdt delslein en op foarspraak fan York wurdt it libben fan Aumerle sparre, mar de oare rebellen wurde allegear terjochtsteld. Nei't de ambisjeuze ealman Exton Hindrik syn wurden oer syn "libbene freze" ynterpretearret as in ferwizing nei de noch libjende Richard, set er ôf nei Pontefract, dêr't er de ôfsette kening fermoardet (yn it echt is de oarsaak fan 'e Richard syn dea noch altiten ûnbekend, al ûntbrekt it net oan teoryen deroer). Hindrik distansjearret himsels fan 'e moard, en it stik einiget as de kening plannen makket om op krústocht te gean om him op dy manear fan 'e besmodzging dy't Richard syn dea is, te ûntdwaan.
Fryske oersetting
Richard II waard ûnder de titel Kening Richard II yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1965 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. V, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik IV, Diel 1, Hindrik IV, Diel 2 en Hindrik V.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |