Richard Fiedler
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne ?
berteplak ?
stoarn ?
stjerplak ?
wurkpaad
berop/amtyngenieur
aktyf asútfiner, ûndernimmer
reden
  bekendheid
útfiner fan de flammesmiter
offisjele webside
gjint

Richard Fiedler (19e iuw - 20e iuw, jiertallen en datums net bekend) wie in Dútske yngenieur en útfiner dy't de moderne flammewerper útfûn hat. Hy tsjinne yn 1901 evaluaasjemodellen fan syn Flammenwerfer yn by it Dútske leger (Dútske Ryk).

It wichtichste model wie in draachber apparaat, besteande út in fertikale silinder fan 1,2 m lang, horizontaal yn twaen dield, mei gas ûnder druk yn it ûnderste part en brânbere oalje yn it boppeste part. Troch in hânsel yn te drukken treau it driuwgas de brânbere oalje yn en troch in rubberen buis en oer in ienfâldige ûntstekkingslont yn in stielen mûlstik. It wapen projektearre in fjoerstraal en grutte reekwolken oer in ôfstân fan 18 meter. It wie in inkeldskots wapen - foar ôffjurren waard hieltyd in nij ûntstekkingspart oanbrocht as it brûkt waard foar gefjochtsdoelen of oare tapassings fan hokker soarte dan ek. It waard foar it earst brûkt oan it westlik front yn de Earste Wrâldkriich, sawol troch de Sintrale Machten as troch de Entente. It waard yn de Twadde Wrâldoarloch op grutte skaal brûkt troch sawol alliearde as Axis-troepen.

Biografy

Foar de Earste Wrâldoarloch studearre Fiedler technyk en wurke er as yngenieur yn Berlyn.[1]

Fiedler fierde oarspronklik de trúk "Brennender See" (brânend mar) út op festivals yn Berlyn-Weissensee. Derby waard in brânbere floeistof op in wetteroerflak getten en dat yn 'e brân te stekken. [2] Yn 1901 waard in earste patint op de flammewerper jûn en Fiedler kearde him ta it Dútske leger, dat him finansjele stipe joech foar de fierdere ûntwikkeling fan it apparaat. Yn 1905 presintearre er syn flammewerper oan it Preussisches Ingenieurs-Komitee (Prusysk yngenieurskomitee) op it Garde-Pionier-Bataillon yn Berlyn en krige suggestjes om it apparaat te ferbetterjen.

Unôfhinklik fan Fiedler wie ek Bernhard Reddemann (1870-1938) útein set mei de ûntwikkeling fan flammewerpers, nei oanlieding fan berjochten oer kerosinepompen dy 't de Japanners ûnder it belis fan Port Arthur tsjin bunkers brûkt hiene. Fiedler en Reddemann troffen inoar foar it earst yn 1908 en wurken oan it begjin fan de Earste Wrâldoarloch mei-inoar oan de fierdere ûntwikkeling fan de flammewerper. Reddemann klom op ta majoar fan de Pioniere (pioniers), wie sjef fan de brânwacht fan Breslau en Leipzig en wie skriuwer fan monografyen oer brânbestriding. Nei de oarloch skreau er in boek oer de skiednis fan de flammewerper. [3][4]

Fiedler rjochte de Fiedler Flammenapparate G.m.b.H. (Fiedler Flammenapparate, nammeleaze fennoatskip) op, dy't er oant 1917 as direkteur late. Syn opfolgers wiene Hauptmann (kaptein) Arthur von Steynitz, keapman Arthur Bock en keapman Kurt Mayen.[5] Fiedler krige 11 Dútske patinten op flammewerpers, fan 1901 oant 1918, de lêste dêrfan foar in fleantúchflammewerper.

Fierder lêze

  • Benhard Reddemann: Geschichte der deutschen Flammenwerfer-Truppe. Verein ehem. Angehöriger d. Garde-Reserve-Pionier-Regiments, Berlyn, om 1933 hinne (53 siden).
  • Thomas Wictor: German Flamethrower Pioneers of World War I. Schiffer Publ., 2007, ISBN 978-0764327728.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Markus Lippold: Stahlhelm, Giftgas und 08/15, Weltkrieg macht erfinderisch. n-tv, 23 juny 2014.
  2. Wolfgang Fleischer: Militärtechnik des Ersten Weltkriegs. Entwicklung, Einsatz, Konsequenzen. Motorbuch Verlag, Stuttgart 2014, ISBN 978-3-613-03706-9, s. 178.
  3. Erfolgreiche Spurensucher - REDDEMANN-Ausstellung im Feuerwehrmuseum, Osthessen-News, 11 augustus 2010, Fulda
  4. Die kleine Bildgeschichte, Welt am Sonntag, 19 juny 2011
  5. Automobiltechnische Zeitschrift Bd. 20, 1917, s. 25; "Fiedler+flammenapparate" Vorschau
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.