Kaart fan Rodry de Grutte syn ferôveringen (grien)

Rodry de Grutte (Welsk: Rhodri Mawr; Ingelsk: Roderick the Great) (± 820 – 878) wie kening fan Gwynedd fan 844 oant syn dea. Hy wie de earste Welsk hearsker dy't 'Grutte' neamd waard, en de earste dy't it bewâld fierde oer it grutste part fan it Wales fan no. Hy wurdt as "Kening fan de Britten" oantsjut yn de Annalen fan Ulster. Yn lettere geskriften wurdt er ek wol "Kening fan Wales" neamd, mar feitlik hat er nea oer hiel Wales hearske en yn syn tiid waard dy term ek net brûkt om him te beskriuwen.

Stambeam en erfenis

As soan fan Merfyn Frych, kening fan Gwynedd, en Nest ferch Cadell út de dynasty fan Powys, wie er erfgenamt fan it Keninkryk Gwynedd nei de dea fan syn heit yn 844.

Doe't syn omke fan memmekant Cyngen ap Cadell, hearsker oer Powys, op in pelgrimaazje nei Rome yn 855 kaam te ferstjerren, erfde Rodry Powys. Doe't yn 872 Gwgon, hearsker oer Seisyllwg yn súdlik Wales by in ûngemak fersûpte, foege er dy syn keninkryk by sines troch te boaskjen oan Angharad fan Seisyllwg, Gwgon syn suster en erfgenamt. Sa waard er op freedsume wize hearsker oer it grutste part fan Wales.

Ferset tsjin de Denen

Rodry hie te krijen mei oanfallen fan de Ingelsken en ek hieltyd mear mei dy fan de Denen, dêr't fan beskreaun stiet dat hja Anglesey yn 854 plonderen. Yn 856 fersloech Rodry de Denen lykwols dêr't harren lieder Gorm (ek wol: Horm) by sneuvele.

Yn 876 wie der wer in slach tsjin de Noarske ynfallers op Anglesey, wêrnei't Rodry nei Ierlân flechtsje moast.

Delgong en dea

Doe't er in jier letter weromkaam, soe er troch de Ingelsken ûnder Alfred de Grutte deadien wêze, mar it is net krekt bekend hoe't dat om en ta gien is. Doe't syn soan Anarawd ap Rhodri in pear jier letter in oerwinning behelle op de Mersjers, hjitte dat yn de annalen "God's wraaknimming foar Rodry".

Opfolging

Rodry liet rije soannen nei:

Anarawd ap Rhodri, syn opfolger, dy't kening fan Gwynedd waard;

Cadell ap Rhodri, dy't Dyfed ferovere, dat letter troch syn pakesizzer Hywel Dda by Seisyllwg foege waard en doe Deheubarth foarme. Lykas syn pake soe Hywel hearsker oer it meastepart fan Wales wurde; en

Merfyn ap Rhodri, dy't kening fan Powys waard.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nora K. Chadwick, Celtic Britain, 1963
  • John Edward Lloyd, A history of Wales: from the earliest times to the Edwardian conquest, 1911
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.