Hugo Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Science Fiction Achievement Award | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | science fiction- en fantasyliteratuer | |
útrikt troch | World Science Fiction Society | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | [ferskilt per jier] | |
ynsteld | 1953 | |
1e útrikking | 1953 | |
offisjele webside | ||
www.thehugoawards.org |
De Hugo Awards binne in groep prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste science fiction- en fantasywurken fan it foargeande jier. De prizen binne neamd nei Hugo Gernsback, de oprjochter fan Amazing Stories, ien fan 'e earste science fiction-tydskriften, en hieten oant 1992 offisjeel de Science Fiction Achievement Awards. De útrikking, dy't ûnder it tafersjoch stiet fan 'e Amerikaanske World Science Fiction Society, fynt plak op 'e jierlikse World Science Fiction Convention, dêr't it it wichtichste evenemint foarmet. De Hugo Awards waarden foar it earst útrikt op 'e alfde World Science Fiction Convention, yn 1953, en de útrikking is sûnt 1955 elts jier noch dien.
Sûnt de njoggentiger jierren wurde soms ek saneamde Retrospective Hugo s (koartwei Retro Hugo's) útrikt. Dat is dien yn 1996, 2001 en 2004 foar wurken dy't 50 jier earder útjûn wiene, en yn 2014 foar wurken dy't 75 jier earder útjûn wiene.
Kategoryen
De Hugo Award wurdt beskôge as ien fan 'e, sa net dé meast prestizjeuse priis yn it science fiction- en fantasysjenre. Troch de jierren hinne binne de kategoryen wat feroare; de hjoeddeiske kategoryen binne:
- Bêste roman (sûnt 1953): in ferhaal fan 40.000 wurden of mear.
- Bêste novelle (sûnt 1968): in ferhaal fan 17.500-40.000 wurden.
- Bêste koarte novelle (sûnt 1955): in ferhaal fan 7.500-17.500 wurden.
- Bêste koarte ferhaal (sûnt 1955): in ferhaal fan minder as 7.500 wurden.
- Bêste oanbesibbe wurk (sûnt 1980): non-fiksje.
- Bêste stripferhaal (sûnt 2009): in ferhaal yn stripfoarm.
- Bêste lange dramatisearre produksje (sûnt 1958): in toanielfoarstelling, film of tillefyzjeproduksje op grûn fan in science fiction- of fantasyferhaal, langer as 90 minuten.
- Bêste koarte dramatisearre produksje (sûnt 1958): in toanielfoarstelling, film of tillefyzjeproduksje op grûn fan in science fiction- of fantasyferhaal, koarter as 90 minuten.
- Bêste semy-profesjonele tydskrift (sûnt 1984).
- Bêste non-profesjonele tydskrift (sûnt 1955).
- Bêste profesjonele romanredakteur (sûnt 1973).
- Bêste profesjonele redakteur fan tydskriften en/of ferhalebondels (sûnt 1973).
- Bêste profesjonele tekener (sûnt 1953): bgl. fan omslachkeunst.
- Bêste tekenjende fan (sûnt 1967).
- Bêste skriuwende fan (sûnt 1967).
- Bêste fancast (sûnt 2012): in audiofisueel non-profesjoneel tydskrift.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |