In residinsjestêd (Sweedsk: residensstad) is yn Sweden en wie yn Finlân de stêd dêr't it bestjoer fan de provinsje syn haadsit hat. De kantoaren fan de landsting fan Sweden steane oer it algemien ek yn de residinsjestêd, mar dat jildt net foar de provinsjes Skåne län en Västra Götalands län. Dêr steane de landstingkantoaren nammentlik yn de eartiidske residinsjestêden, respektyflik Kristianstad en Vänersborg.
Residinsjestêden fan Sweden
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.