Rendsburg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
Stedsyndieling | 29 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 29.743 (2022) | |
Oerflak | 23,75 km2 | |
Befolkingsticht. | 1252 ynw./km² | |
Hichte | 6 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 24768 | |
Koördinaten | 54° 18' N 9° 39' E | |
Offisjele webside | ||
www.rendsburg.de | ||
Kaart | ||
Rendsburg (Deensk en Nederdútsk: Rendsborg, ek Rensborg) leit yn it midden fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein oan it Noard-Eastseekanaal oan de histoaryske Oksewei.
De histoaryske binnenstêd leit op de grins fan Sleeswyk en Holstein op in eilân yn 'e grinsrivier de Eider. De stêd wie in súdlike grinsfêsting en garnizoensstêd fan it Deenske keninkryk. Tsjintwurdich is it de haadstêd fan 'e Kreis Rendsburg-Eckernförde.
Skiednis
De stiftingsdatum fan Rendsburg is net bekend, alhoewol't Bjørn Svendsen dêr tusken 1099 en 1100 in soarte fan fêsting oanlei. Rendsburg waard yn 1199 foar it earst neamd. In âlde namme foar it plak is Reinoldesburch.
Yn 'e 13e iuw waard Rendsburg ûnderdiel fan Holstein, mar yn 1470 kaam it by Sleeswyk. De stêd wiksele faak fan Denemark nei Dútslân en oarsom. Nei de Twadde Deensk-Dútske Kriich fan 1864 waard Rendsburg definityf by Dútslân foege.
Alhoewol't de Eider ek foar lytsere skipfeart fan Rendsburg nei de Noardsee befarber is, naam it belang fan 'e stêd earst ta yn 1895, doe't it Kielkanaal foltôge waard. De folle gruttere skippen dy't doe troch it kanaal farre koene soarge der foar dat Rendsburg in seehaven en in skipswerf krige.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de stêd oars as oare Dútske stêden net in soad te lijen fan de bombardeminten. Op 8 maaie waard de stêd offisjeel oerdroegen oan de Britske troepen.
It besjen wurdich
- It belangrykste monumint fan 'e stêd is de 2500 meter lange en 41 meter hege spoarbrêge oer it Kielkanaal. De brêge waard yn 1913 oanlein foar it treinferkear tusken Neumünster en Flensburch en it is noch jimmeroan de langste spoarbrêge fan Europa.
- It 16e-iuwske stêdhûs waard yn 1900 en 1939 fergrutte.
- De Marijetsjerke is in trijskippige halletsjerke út 1287 mei in soad epitafen en 14e-iuwske muorreskilderingen.
- De Kristustsjerke is in barokke tsjerke út 16095-1700 en waard boud as garnizoenstsjerke.
Musea
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rendsburg fan Wikimedia Commons. |