Remco Campert | ||
![]() | ||
![]() | ||
Remco Campert yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Remco Wouter Campert | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 28 july 1929 | |
berteplak | Den Haach | |
stoarn | 3 july 2022 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Romans & Poëzy | |
tema's | Fyftigers | |
bekendste wurk(en) | Het leven is vurrukkulluk | |
útjouwer | Bezige Bij | |
prizen | P.C. Hooft-priis (1976), Gouden Ganzenveer (2011), Prijs der Nederlandse Letteren (2015) | |
jierren aktyf | 1950 - 2022 |
![](../I/GardeniersCampert.jpg.webp)
Remco Wouter Campert (Den Haach, 28 july 1929 - Amsterdam, 3 july 2022) wie in Nederlânsk dichter en skriuwer fan ferhalen en romans. Hy makke diel út fan de literêre streaming Fyftigers. Yn maart 2018 makke er buorkundich op te hâlden mei it skriuwen fan romans en kollumns. Ut en troch skreau er noch wol 'notities' foar de Volkskrant.
Remco Campert ferstoar yn syn sliep yn 'e nacht fan 3 op 4 july 2022 yn de âldens fan 92 jier.
Priveelibben
Syn heit wie de dichter Jan Campert, auteur fan ûnder oare it gedicht Het lied der achttien dooden. Syn mem wie aktrise Joekie Broedelet, ûnder oare bekend fan de gastrollen dy 't se op lettere leeftiid spile by Van Kooten en De Bie. Sy giene útinoar doe 't Campert trije jier wie, wêrnei't Remco Campert ôfwikseljend by ien fan harren en by syn pake en beppe wenne, oant er yn 1942 ûnderbrocht waard by in pleechgesin. Doe't de wyk wêryn't se wennen troch de Dútsers ôfbrutsen waard, gie de húshâlding nei Epe, dêr't Campert de MULO besocht. It wie ek yn Epe dêr't er yn 1943 hearde dat syn heit op 40-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Neuengamme ferstoarn wie. Nei de oarloch gie er mei syn mem yn Amsterdam wenjen en folge dêr it gymnasium oan it Amsterdamsk Lyceum, mar makke dizze skoalle net ôf.
Bibliografy
Proaza
Poëzij
Literêre prizen
- 1953 - Reina Prinsen Geerligspriis foar Berchtesgaden
- 1955 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Gedicht met een moraal
- 1956 - Jan Campertpriis foar Met man en muis en Het huis waarin ik woonde
- 1958 - Anne Frank-priis foar Vogels vliegen toch
- 1959 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De jongen met het mes
- 1960 - Priis fan de Amsterdamske Keunstried foar De jongen met het mes
- 1976 - P.C. Hooft-priis foar hiel syn poëtysk oeuvre
- 1987 - Cestoda-priis
- 2011 - Gouden Ganzenveer
- 2014 - Gouden Schrijfmachine
- 2015 - Prijs der Nederlandse Letteren
Keppeling om utens
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Remco Campert fan Wikimedia Commons. |