Reitse Spanninga
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeReitse Spanninga
berne9 septimber 1960
berteplakDe Jouwer
wurkpaad
wurksum astelefyzjekok
bekend fanLekker ite mei Reitse
jierren aktyf2006 - no
offisjele webside
http://www.reitsespanninga.nl

Reitse Spanninga (De Jouwer, 9 septimber 1960), is in Fryske sjef-kok en telefyzjepresintator fan De Jouwer.

Reitse Spanninga waard berne as soan fan de direkteur fan Spanninga Metaal. It kokspakje dat er as seisjierrich jonkje fan syn mem krige hinge letter yn syn restaurant. Nei syyn oplieding oan de Bakkerij en Horeca Foakskoalle yn Ljouwert die er nei 1977 as kok praktykûnderfing op yn restaurants yn Breda, Grins, ’t Goai en de Veluwe. Yn 1985 waard hy learaar op de Bakkerij en Hoareka Fakskoalle yn Ljouwert. Yn 1988 begûn er mei syn frou Tryntsje in eigen restaurant op De Jouwer. Yn 2013 waard er by gelegenheid fan syn 25-jierrich bestean fan syn saak kok oan board fan kening Alexander en prinses Maxima doe’t it pear fan Fryslân nei Noard-Hollân farde. Nei tritich jier ferkocht er yn 2018 dit restaurant ’t Plein.[1][2]

Reitse Spanninga wie yn 2000 oprjochter en oant 2015 foarsitter fan restaurantclub Fryslân Culinair, in gearwurkingsferbân fan hoarekasaken. Boppedat wie hy regiobestuurder van Keninklike Hoareka Nederlân.[3]

Telefyzjekok

Spanninga makket sûnt 2006 telefyzjeprogramma’s foar Omrop Fryslân mei as titel Lekker ite mei Reitse. Yn syn eigen entûsjaste styl brûkt er faak Fryske streekprodukten op de kaart. Yn spesjale ôfleveringen praat en itensiedet hy mei kenners fan lokale produkten. Bygelyks oer it meitsjen fan roggebrea. Dêrneist makke er ôfleverings mei in bekende Nederlanner dy't wat mei Fryslâ hat. Sa siedet hy mei it duo Hepie en Hepie.

Boeken

Yn 2007 en 2008 ferskynden syn resepten yn boekfoarm by de Afûk. By diel 2 wie in DVD mei 8 ôfleveringen fan de telefyzjerige by Omrop Fryslân. Letter ferskynde syn Nederlânsktalige itensiedersboek BBQ. Dit is yndield yn tapas, foar-, haad- en neigerjochten, bygerjochten, basisresepten, gerjochten fan de smoker en resepten foar moarnsiten. Boppedat wurdt ynformaasje jûn oer bbq’s: gas, briketten of elektrysk en ferskate bbq-techniken. Spanninga jout ek barbecuekursussen en jout workshops by de Poiesz Supermerken.

Bibliografy

  • BBQBuitenkoken met Reitse, 65 resepten mei Fryske streekprodukten , útjouwerij Afûk, ISBN 9789062734450
  • Lekker ite, 4 seizoenen lang, útjouwerij Afûk (2011) ISBN 9789062738793
  • Lekker bûten ite mei Reitse , mei H. Buld, J. Boverhof en Theo Tangelder (2010) ISBN 9789062738410
  • Lekker ite mei Reitse, (tekst fan Jacco de Boer), útjouwerij Fryslân (2009) (Nederlânsk) ISBN 9789062737987
  • Lekker ite diel 2, útjouwerij Fryslân (2008) ISBN 9789078559160
  • Lekker ite diel 1, útjouwerij Fryslân (2007) ISBN 9789078559047
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 3 maaie 2018
  2. Jouster Krante, 3 maaie 2018
  3. Misset, 13 april 2012
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.