reidmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza schoeniclus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedgebiet
     stânfûgel

     trekfûgel
     wintergast


De reidmosk is in sjongfûgel út de famylje fan de goarzen (Emberizidae). Sa is er gjin famylje fan de moskfûgels, likemin de gielfink en de nôtfink famylje fan de finken binne. Mei de gielfink is de reidmosk de meast foarkommende goars yn West-Jeropa. Yn Nederlân en Fryslân is de reidmosk fierwei de meast algemiene goars.

Oare nammen

Frysk: reidgoars (eigentlik in bettere namme), Nederlânsk: rietgors, Noardfrysk: raidsparag, (Noard-)Nederdútsk: reethlüün, laislüün, Dútsk: Rohrammer, Engelsk: Reed Bunting.

Foarkommen

De reidmosk is in stânfûgel en trekfûgel. It fûgeltsje is mei 15 sm. likernôch sa grut als in mosk. De kleur is moskeftig brún fan boppe, mei in wite kraach en griis-wite ûnderkant. De mantsjes hawwe in swarte kop en kiel, mar bûten it briedseizoen is it swart foar in part ferdwûn. De reidmosk sjongt op hege posysjes yn it reidlân.

Iten en fuortplanting

Aaikes

Reidmosken ite slakken, rûpen, krobben en soks en yn 'e winter meast sied. It wyfke makket it goed ferside brocht nêst op 'e grûn of yn 'e boskjes en leit trije oant fiif griisblauwe oant readbrune aaien mei grize en swartbrune plakken. De briedtiid is 12-15 dagen en de jonge fûgels wurde troch beide âlden grutbrocht.

Fersprieding

De reidmosk komt yn grutte dielen fan Jeropa en Aazje foar en hat 20 ûndersoarten. Yn Jeropa binne de ûndersoarten:

  • Emberiza schoeniclus schoeniclus: West-, Noard-Jeropa, ek yn Nederlân
  • Emberiza schoeniclus lusitanica: Portegal, NW-Spanje
  • Emberiza schoeniclus witherbyi: Spanje, Frankryk
  • Emberiza schoeniclus intermedia: Itaalje
  • Emberiza schoeniclus stresemanni Midden-Jeropa, N-Balkan
  • Emberiza schoeniclus tschusii: M-Balkan
  • Emberiza schoeniclus reserii: S-Balkan
  • Emberiza schoeniclus ukrainae: Oekraïne, M-Ruslân

Fan 1990 oant 2005 naam de briedpopulaasje yn Nederlân ta fan sa’n 70.000 ta sa’n 90.000 jierliks en sûnt binne de oantallen likernôch konstant: 2018-2020: 67.000-125.000. De heechste tichtens fan briedfûgels yn Nederlând haww wy yn de Wieden en de Weerribben yn de kop fan Oerisel. Ek yn Fryslân binne der yn soad reidmosken.

Keppelings om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reidmosk fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.