Reide wie in buorskip[1][2] yn Grinslân tusken Doalert en Iems by Termunten. It lei yn Reiderlân tusken Grinslân en Dútslân op de Punt fan Reide, dêr't eartiids ek de Reiderskâns lei. Yn de midsiuwen leine dêr tichteby de plakken Westerreide en Easterreide dy't nei alle gedachten ferdwûn binne yn de Doalert.

Skiednis

Yn de sechtjinde iuw moat der in tsjerke stien hawwe, want oom dy tsjerke hinne bouden de Spanjerts yn 1580 twa fersterke skânsen. Dy skânsen waarden op 24 juny 1589 troch greve Willem Loadewyk fan Nassau oermastere en omboud ta in better te ferdigenjen skâns mei fjouwer bastions. De Admiraliteit fan Fryslân liet dêr in Frysk garnizoen pleatse. Om dat garnizoen te finansierjen waarden dêr tusken 1591 en 1597 Fryske munten slein. De munten dy't slein waarden, wiene liuwedaalders, earnsryksdaalders en Hongaarske dukaten[3]. Nei de Reduksje fan Grins op 22 july 1594 naam it strategysk belang fan de Reiderskâns ôf. Nei in swiere stoarmfloed yn 'e hjerstmis fan 1597 rekke de skâns foar it grutste part swier skeind. Dat betsjutte ek de ein fan de muntslâch dêre.[4]

Yn de tsjerkeboeken fan Termunten wurdt Reide noch hieltyd as buert neamd. Oant yn de njoggentjinde iuw stiene der noch huzen op de Punt fan Reide.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://topotijdreis.nl/kaart/1861/@268298,591873,9.9
  2. https://topotijdreis.nl/kaart/1902/@268298,591873,9.9
  3. Numismatische kring Frisia: Friese muntslag
  4. Munthunter.nl
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.